Weppers snein 25-11

Utslaggen sneon 24-11
22 november 2012
Weppers moandei 26-11
25 november 2012

Wichard
Wij moatte mar ôfwachtsje wa’t it ferslach makket fan SDS 5, mar wij dogge mar efkes in foarskot oer wat dingen foar de wedstriid. Ier en betiid wie de seleksje al op it sportpark, want se hiene der sin oan. Neidat it sinjaal jûn wie dat it tiid is, moat der omklaaid wurde.  Dat giet best oant Robert Sijbesma syn sokken oandwaan soe. Mis, gjin sokken. Stom, krekt no’t mei it 5de dwaan sil. Dus nei bûten en wa koe hij it beste beroppe: Mem, wol mem myn sokken efkes helje, mem.
Noch slimmer makke Wichard Deinum it: hij kaam gewoan te let. Sjoch dat die Klaas Visser no nea. Hij rûn miskien wat minder mar hij kaam nea te let.

E-pidemie
Ôfrûne wike waaide der in nuver firus troch Wommels dy ’t it mei nammen foarsjoen hie op E-pupillen. Sjoch mar ris by de ferslaggen fan juster en je kinne lêze dat der hiel wat E-pupillen siik wienen. In wiere E-pidemie dus.

Heech-út?
SDS 3 hat kommende sneon Heech út en moat noch heech út 2 wedstriden foar de winterstop. Sy kinne dus noch heech út 6 punten pakke te begjinnen mei de 6-puntenwedstryd; Heech út……….

Sjoerd
Sneon wie de Slachterin yn Wommels mear as 300 dravers diene in rûntsje Slachtedyk fan 5, 10 of 21 kilometer. Meardere SDS’ers jaaiden harren yn it swit en opfallend wie de prestaasje fan
Sjoerd de Boer fan D2. Hij kaam mei in beker thús nei fantasystke sprint mei ien dy’t trije koppen grutter wie en sa einige hij op in moai 1e plakje op de 5 km foar de jeugd.

MFT (1)
It MFTerrein befalt prima hawwe wij begrepen, Je kinne der bûtenlânsk keatse en parkeare. Der wurdt wol sein dat der noch in boarding komme moat. Foar de ballen dy’t oars te gau de feart yn rolje of foar……sjoch 
hjir

MFT (2)
Sûnt sneon hawwe wij der ek in MFTerras bij. Sjoch
hjir

Muzyk
It is hjoed de lêste snein fan de moanne en dat betsjut Blues yn Eastersnein. De BluesBusters sille optrede en at wij ús net fersinne is dat FC Hartwert en FC Boalsert op ien poadium. Tagong is fergees.
Hâlde je mear fan oare muzyk dan is miskien in sit yn it Dielshûs wat. Dêr sjongt Gerrit Breteler fêst iets fan “Op een dag”.

Ofmelden
Stoffel hat him ôfmelden foar de Blues en foar Gerrit, sa lit hij ús witte. Hij nimt wol in Heineken yn Brandglês op it feessie bij syn skoanâlden. Dij binne 53 jier lyn it houliksboatsje ynstapt en kinne it noch goed meielkoar fine.


Harsens derby(897)
Hóóóóóóóóóóóóóó!


Moarn mear!