Weppers snein 24-5

Utslaggen sneon 23-5
22 mei 2009
Weppers moandei 26-5
24 mei 2009

Kampioen

It hichtepunt fan de sneon wie fansels it kampioenskip fan D1. Sij fierden dat net te min. In huldiging op de boerekarre troch Easterein en Wommels mei in entoesjast publyk.

 
…..en doe op it earebalkon fan Jimbar


En nei de balkonpresintaasje mochten se noch efkes oan de bar sitte yn Jimbar.  (foto’s Henk Bootsma)

Tolve en in healjier

Sipke Hiemstra hat 12.5 jier trainer west fan SDS 4,5 en letter ek 6. Altyd op tongersdeitejûn. Folgend jier sil in oar it fluitsje oer nimme moatte, want Sipke stoppet. Douwe Reitsma sei him sneontemiddei tank en oerlange in bosk blommen.

Clarence
hspace=0
Wij hiene krekt de gegevens fan dit seizoen fan it ClarenceSluier klassemint bijelkoar socht, de gegevens analyseard en dan is der op de lêste spyldei wer ien bij SDS 5 dy’t in strafskop mist.

Erik

Wij bliuwe fansels in fuotbalsite, mar at Erik Haitsma in krânse wint bij it haadklassekeatsen yn Easterein dan kin in foto net efterwege bliuwe. Marten Feensta, Rudmer van der Meer en Erik Haitsma. (foto Henk Bootsma)

Ôfslúting SDS 1
No’t de leste wedstriid fan it seizoen spile is sille de mannen fan SDS 1 kommende freed it fuotbalseizoen ôfslúte op de pleats fan de famylje Sjaarda. Freed om 18.00 oere giet it feest dêr losbarsten. Wat we no alfêst ferklappe kinne, is dat der barbeknoeit wurde sil.
DYS