Weppers snein 23-7

Kompetysje yndieling fammen
23 juli 2017
Kompetysje-yndieling jeugd – jongens
23 juli 2017

Ut de loft …yn de loft

Wij hiene lêst fan in koartstondige steuring. Mei wij bedoele wij de side. Dy lei er freedtejûn en sneontemoarn efkes út. Derom de yndielingen wat letter as at wij tocht hiene.

Bekeryndieling

De KNVB hat ek foar in oantal teams de bekeryndieling bekend makke.

Efkes Balje

Oan de oare side fan de Ofslútdyk sizze se “waar een wil is, is een weg”, bij it Efkes Baljen wie it dizze kear “wêr’t it bal is, is in van der Weg”.
It wie dan ek net nuver dat de ploech mei trije van der Weggen it wûn fan in ploech mei ien van der Weg. Dat wie in flater fan de hesje-útdielkommisje. Ek in flater wie it dat it skoarend fermogen bij ploech 3xvdWeg wie en dat de blunderende kwaliteiten yn ploech 1xvdWeg.
Sa like it dan ek in heilleaze “weg” doe’t it nei 20 minuten al 3-0 stie. Team 1xvdWeg like de “weg”nei boppen net fine te kinnen en lieten harren der útkounterje.
De verplichte balútdefeartpauzes levere ek gjin taktyske oanpassingen op bij 1xvdWeg om de “weg”nei boppen te finen. De wiiste “weg” wie dan ek om iets foar healwei njoggenen de finale yngean te litten foar trije doelpunten.
Team 1xvdWeg moast help ha ek nei it útfallen Tjitze. In transfer fan in van der Weg siet er net yn, dus de transfermerke op om bij  de jongste vanderWeg (!) út te kommen. 2xvdWeg hold lang stân mar úteinlik gie 3xvdWeg der ek mei dizze oerwinning fan troch op “weg” nei hûs.
Wat is der noch mear te sizzen oer dizze edysje:
– Lysanne fuotballe as ienige jonge faam ek dizze kear wer lekker mei
– de gemiddelde leeftyd wie frij wat oan de lege kant
– Remco Bervoets hat in hekel in hesjes
– Heit Theo en soan Tjitze wiene bijelkoar
– Heit Remco en soan Anco wiene bijelkoar
– Heit Ferrie en soan Stan wiene bijelkoar
– heit Klaas en soan Michael wiene bijelkoar
– Johan fuotballe wer goed en makke wat grapkes
– mar leafst 18 man op it skopfjild yn Wommels