Ut- en ferslaggen 22-3
22 maart 2014Weppers moandei 24-3
24 maart 2014Littens?
Pieter de Boer kaam freedtejûn mei syn fuotbalklean nei it Efkes Baljen. Sokken en broekje wien Iets mei giel en read en sa. “Wat no, oerstapke nei Littens?” frege earst ien en letter in oaren.
“Nee, it útsjurt fan Barcelona”, seit Pieter grutsk en mei in fleuchje irritaasje oer safolle ûnbegryp.
Kin neat
Freed bij it Efkes Baljen spilen heit Wouter en soan Remco tsjin elkoar. Beide kinne (noch) in aardich poepke fuotbalje. Doe’t Remco mei Syb, meispiler fan Wouter, in moai duel oangie op de fjouwerkante meter, fuorre Wouter Syb flink oan troch mar te roppen: kom op Syb, hij kin neat, hij kin neat!
Trainingsjas wer te plak
Woansdei waard der in trainingsjaske fûn op it trainingsfjild mei de inisjalen T.H. derop. Ynmiddels is it jaske wer te plak. Hy wie fansels fan Yke Gaastra! De buorjongen fan Teun Heeres.
4 pingels
It siet Feite de Haan juster net mei. Sawol mei SDS 1 as 2 ferlear hy juster mei 2-0. 90 minuten by SDS 2 en de lêste 73 minuten by SDS 1. Yn beide wedstriden krige hy 2 penaltys tsjin. Alle kearen hie hy der neat mei te krijen en mocht hy se ek net kere.
Trakteare
By SDS 5 soe juster trakteard wurde kinne. Dy “lytse” ferwachtet oer in moanne as 6 in lytse poppe. Wy tinke sels oan in lytse “Dries”.
Harsens derby(1235)
SDS 1 en 2 skoorden sneon net. Oars wie dit krekt wat west: