Weppers snein 23-3

Weppers sneon 22-3
21 maart 2008
Weppers moandei 23-3
23 maart 2008

A1 ferliest
Foar A1 gjin ôflaste wedstryd. Sij mochten op keunstgers yn Snits. Dat is harren net goed ôfgie. Sij ferlearen mei 5-0.

B1 wie moai fuort
Rubber ferbaarne yn Ljouwert! No, it kaam der mear op del dat it rubber ús ferbaarnde, want de measte jonges hienen aardige skroeiplakken op de fuotten. De fuotten en hannen read fan kjeld en kâlde wyn, mar we ha dochs wol moai fuort west.
It ferslach.

Clarence Sluierklassemint
Wij hawwe it idee dat immen bij B1 in strafskop mist hat. De bal kaam op de latte. Miskien kin hij sels of syn syn maten ús efkes in leuke foto maile fan sille wij der wol wat sluiers oan ta heakje. Mail kin nei
dit adres

SDS 2
Nei in pear wiken oan dringen fan “de mannen fan SDS 3” hjir it stikje fan SDS 2 skreaun troch….. 
1-0 Remco (noch ien kear?) wêr mei de kop, moaie foarset fan Hjalmar
2-0 Jelmer (dit seizoen âfmeitsje yn it twadde?), moaie cross ball fan Stefan
3-0 Wichard (noch ien kear?), super foarset fan twadde spiler? Jelmer
4-0 Feite (twadde spiler!), moaie “swalbe” fan Jelmer
Bysûnderheid: Marten tocht dat SDS 2 yn categorie B hjearde.

SDS 1

Siem Sikma is wer yn de pinne klommen en hij skreau
dit ferslach fan SDS 1 – BCV 1. Dizze en de foto op de foarside is fan Henk Bootsma. Dy sprekke foar harren sels.

DWP
Juster heard:
SDS 2 – De Wite Peaske 2

Wer thús
Johan Delfsma koe foarige wike net fuotbalje om ’t hy yn Egypte siet. Dit wykein koe it wer neat wurde. Fan ‘e wike hawwe sy yn it sikehûs fan Snits syn bline term ôfnommen. Johan is ynmiddels wer thús. De kaartsjes kinne dus nei syn thúsadres.
 

Krekt as thús
Dirk Yde Sjaarda, is noch altiten yn Nij Seelân. It wie de lêste wiken wat stil, mar dat komt omdat hij it flink drok hie mei in aktiviteit dy’t hij thús goed oefene hat of woe der dat thús nea dwaan?. Sjoch hjir nei syn ferhaal.

Peaske
Wij nimme oan dat jim fannemoarn ek in echt peaske brôchje hân hawwe. Of fine jim it ek
drokte om neat?

Letter mear!