Evenementen in december 2022

Weppers snein 23-3
22 maart 2008
Weppers tiisdei 25-3
24 maart 2008

SDS1 -BCV 1
Henk Bootsma syn hannen binne wer waarm. Hij hat de foto’s op syn side setten. Jim kinne se hjir sjen.

SDS 5 wokt
Daan Boersma en Harm Auke Dijkstra hiene in noflike jûn regele foar de spilers fan SDS 5. Spitich dat Roel net mei koe, omdat hij krekt in operaasje ûndergien hie en spitich dat Sjoerd Postma leaver 7 doelpunten sjen woe bij sc Heerenveen. Mei de bus nei Boalsert om te wokken. Dernei foar in inkele noch in ôfsakkerke yn Jimbar.
In fotoferslach

Net tafallich

Dat Wichard al hast 40 is of dat hij Remco yn de auto hie, betsjut dochs net dat sij harren eigen parkearplak hawwe…..

Net tafallich (2)

“Gean do dêr mar sitten Christiaan, oars giet Jacob Plantinga dêr sitten” sei Daan, doe’t SDS 5 de bus yngie.

Parkeare

It wie sneon drok yn Easterein. Parkearproblemen dus. Mar net foar de eigner fan dizze auto. Let komme en dochs in moai plak..Of wie hij stikem oan it trainen?

In broed en in twake

Jacco Kooistra dy tocht sneontemiddei, ik gean net bij it fuotbal sjen, mar ik gean nei it stik lân bij Wommels wêr’t bern allinne mar sykje en rape meie. It resultaat liet hij fansels nei de wedstryd wol efkes sjen oan heit, oan pake en oan de rest.

Aaipop
Hjoed is der gjin fuotbaljen. Mochten je dochs SDS’ers yn aksje sjen wolle dan sille je nei
Aaipop ta moatte. Sy binne wierskynlik te finen by Tsjettel en de Trije Gurbes en oars gewoan oan de bar.