Weppers snein 22-5

Weppers sneon 21-5
20 mei 2011
Weppers moandei 23-5
22 mei 2011

F3 ferliest krekt
F3 hat juster mei 1-2 ferlern fan Renado F2

SDS-SDS Barbecue
Geef je op voor de BBQ van 28 mei. Ook partners mogen mee BBQ. De spelers via de leider of een aangewezen teamgenoot die dan in een keer door kan geven wie er komen van het team de supporters (met aanhang) rechtstreeks bij-
famvink@ziggo.nl  André Vink   333134
– BBQ lijst in het wedstrijdsecretariaat
Groetjes, SDS-SDS commissie

It wurdt dus ko-knoeien ynstee fan barchjeknoeien…

Slotjûn SDS-jeugd grut súkses
Mei sok moai waar koe it ek net oars dan dat de slotjûn fan de SDS-jeugd slagje soe fansels. Hast alle D-, E- en F-pupillen dienen mei oan de fuotbalspultsjes, -partijtsjes en fansels de penalty-bokaal. Frank Bervoets gie der úteinlik mei de haadpriis fan troch. Wesley van de Windt waard earste by de E-pupillen en Luca van der Weg by de F-pupillen.

Frank mei ien fan syn knappe penaltys.

Ferlotting
Oan it ein fan de slotjûn foar de SDS-jeugd wie der noch in ferlotting ûnder de fuotballerkes. Û.o. Halbe Willem Overal wûn in priis. Hy mei mei wa ’t der mar wol in wedstryd fan SC Heerenveen besykje. Fierders waarden noch SDS-sokken, -rêchsekken, -sjaals en -horloazjes ferlotten.

De lokkige priiswinners fan de ferlotting.

Mear foto’s
Fansels binne der noch folle mear foto’s makke fan de slotjûn. Jim kinne de foto’s fan Rudy Dykstra
hjir fine.

D2 krekt net
D2 koe kampioen wurde. Dan hie Sleat juster gelykspylje moatten. Dat is net bard. Sleat wint mei 1-0 en komt dêrmei gelyk oan SDS D2 mar hat in better doelsaldo. Spitich.

E3 wint by “NOK out”
NOK E2 – SDS E3 = (2-2 @rust) geëindigd met 3-6
Een verdiende overwinning waar hard voor gewerkt is.
Mvg Wiebe

Útslagen?
Wy hawwe no de útslagen binnen fan F1, F2, F3 en E3. Kinne jim de rest fan de útslagen nei dizze adressen ta maile?

Komplimenten
It bargjeknoeien fan SDS 2 en 3 wie juster in grut súkses. Ús komplimenten geane dan ek út nei Elger Turksma dy ’t de tún, it húske, de kuolkasten en al wat mear fan syn âlders beskikber steld hie en ek de boadskippen helle hie. Ek fleisbakker Stoffel ferstjinnet in plúmke foar syn bakkuensten. It waarme waar soarge der al foar dat it bier der hast net tsjin kuolle wurde koe. Dat hindere fierder neat. Der binne per slot fan rekken Elger-e dingen.

Harsens derby (478)
PSV kin Dzsud(el)zsak wol ferkeapje. Syn “opfolger” stiet al klear: Gerald Vanenburg………..