Weppers snein 21-8-2022

Fuotbal Ynsicht oer âld-SDS – âld Nijland
17 augustus 2022
Al mear as 175 dielnimmers foar de barbekjoe mei it SDS-jubileum! Jou dy ek op!
23 augustus 2022

SDS 1 útsteld

SDS 1 soe sneontemiddei om 14.30 oere oefenje tsjin TOP 1.
It gie net troch. Sneontemoarn komt it berjocht dat de wedstriid ferskood is nei tiisdeitejûn om 20.15 oere.

Teloarstelde supporters koene om 14.30 gelyk wer nei hûs….

SDS 2 oefent wol

Om 12.30 oere wie der juster yn Easterein in oefenwedstriid fan SDS 2.
Tsjinstanner wie Hielpen 1.

It wurdt 4-1 foar SDS 2, mei doelpunten fan Kevin den Haan, Jens Hiemstra, Mark en Arjen.

Programma SDS 1

De tsjinstanners wiene al bekend it programma fan SDS 1 no ek. It kin fansels hast net misse dat de earste wedstriid in streekderbij is.
Op 24 septimber begjint de kompetysje mei in thúswedstriid tsjin Scharnegoutum 1.
In wike letter is de útwedstriid tsjin Nijland 1.
It komplete programma kinne jim hjir fine.

Bekerwedstriden

Foarôfgeand oan de kompetysje binne der noch twa bekerwedstriden  fan SDS 1. Tsjin Marrum 1en Wikels Hallum 1.
It giet om de data 10 septimber en 17 septimber mei in út en thúswedstriid. De lêste berjochten binne dat op 10 septimer SDS 1 thús fuotballet tsjin Marrum 1 en dat in wike letter de útwedstriid tsjin Wikels Hallum 1 is,

SDS 75 jier

Wij krigen fia twitter meardere lokwinsken op 10 augustus doe’t SDS 75 bestie. Dy fan YVC wie hiel bijsûnder. Sij hiene de ûnderlinge resultaten fan de earste alvetallen op in rige setten.