Weppers snein 20-10

Utslaggen 19-10
19 oktober 2013
Weppers moandei 21-10
21 oktober 2013

F1 wint mei oertsjûging

Mar leafst 22 kear moast skiedsrjochtster Lysanne Wiersma ôftraapje litte. Twa kear foar it begjin fan in helte en 18 kear ekstra foar Frisia en 2 kear ekstra foar SDS.

SDS D4 pakt earste punt
In mijn boekje stond na de wedstrijd SDS D4 – AVC D2 5 -5, wat betekent dat D4 zijn eerste puntje heeft behaald door in de allerlaatste minuut te scoren.
De scheids

Grappich
De wedstriid DSV’61 tsjin Dronten (trainer Janp Vlap) waard sneon net op it haadfjild spile want dat wie ôfkard. Wêrom , sjoch
hjir en hjir.

Vos
align=baseline
Fansels woene de froulju Deinum en Wijnia dat wol: op de foto mei Vos.

Dooitze
Kommende tongersdeitejûn is Dooitze der net, mar Ant Folkerts wol.

Beker (1)
Noch twa teams fan SDS sitte nei dit wykein yn de beker: F1 en A1.

Beker (2)
Ouwesyl siet bij SDS 1 en WPB 1 yn de bekerpoule. Ferrassend dat dy 4de klasser trochgie. Juster mocht Ouwesyl yn de knockout searje fierder tsjin twadde klasser Zeerobben. Ek de seunen moasten belies jaan….

Utslaggen
It bliuwt spitich dat net alle útslaggen fan juster bij ús bekend binne. En dat yn in tiid mei safolle mooglikheden om ynformaasje te dielen.

Armin
It is Jan Stenekes nei de berte fan soan Armin in bytsje heech yn de bal slein………..

Harsens derby(1137)
Wat ús oanbelanget de aldermachtichstmoaiste goal fan 2013: