Weppers snein 19-12

Weppers sneon 18-12
17 december 2010
Weppers moandei 20-12
20 december 2010

Toernooi

B en C junioren hiene justermoarn harren krysttoernooi yn de Greidhoeke. Wij krigen foto’s binnen fan Bote en dy kinne jim hjir sjen. Barcelona waard winner en dat wie it team mei de measte dûbele nammen: Jan Friso, Nies Douwe,  Jan Fokko en Foeke Dirk, Douwe en Harm.

Opfallend
Wij krigen justerjûn noch in aardige twitter binnen oer de wedstriid SC Hearrenfean- de Graafschap.

Bewegingstip

De iisbaan yn Wommels is hjoed wer iepen. Wa’t dochs noch efkes wat beweging wol kin in rom baantsje lûke.

Muzyktip
Wij kinne it net litte om sa no en dan in muzyktip te jaan. Sa as hjoed: Blues om 16.00 oere yn Noflik Bergsma: Roadhouse. Tagong fergees.