Weppers snein 13-12

Wintersealtrainen
12 december 2015
Sealtoernoai F-pupillen
13 december 2015

Nijjierssit en snertrin 2016
De SDS-nijjierssit en snertrin wurdt dit kear hâlden op sneon 2 jannewaris. Hoe en wat kinne jim ynkoarten lêze yn de nije Treffer. Wy kinne yn elts gefal wol alfêst ferklappe dat wy 4 alderaardichste barkeepers strikt hawwe, te witten Jan-Friso Bruinsma, Bauke Dijkstra, Elger Turksma en Pieter Sytsma.

Memorabel
Habtamu de Hoop mocht juster syn debút meitsje yn de basis fan SDS 1 en hie spesjaal nije skuon kocht. Wat soe it dan moai wêze om te skoren. It waard spitich genôch op in oare manier memorabel……. Hy pakte syn earste giele kaart ea………

Foto’s Henk Bootsma
Juster hat Henk Bootsma ferskeidene plaatsjes sjitten by SDS Vr.1 – Balk Vr.2. Unike plaatsjes, want it wie de earste wedstryd fan it seizoen dy ’t Vr.1 ferlear…. Sjoch hjir foar Henks kykjes.

Paul jout Sieta oanwizings, mar kin de earste nederlaach net foarkomme.
Foto Henk Bootsma

RABO-ledensponsering
Je kinne der foar soargje dat SDS troch de Rabobank ekstra stipe wurdt. As je lid binne (of wurde) fan de Rabobank dan kinne je harren freegje 5 euro te stoarten op de rekken fan SDS. Dit kin de hiele moanne desimber. Je moatte je gegevens dan hjir ynfulle.
De kode fan SDS is: RLS_281


De Grutte klupaksje
De ferlotting fan de Grutte Klupaksje hat west. Jim kinne hjir sjen as jim wat wûn hawwe.

Alderaardichst


Dochs mei Oranje!
Sa krige de lotting foar it EK 2016 dochs noch in Nederlâns tintsje………..
Permalink voor ingesloten afbeelding
Oranje ballen…………

Harsens derby (1640)
Ach, dat hawwe wy dochs allegear wolris…………