Sneon 10-9-2022
10 september 2022Weppers woansdei 14-9-2022
14 september 2022Praatkratsje
Lourens van der Pol skoorde sneon yn de alderlêste sekonde fan SDS – Marrum 1 de winnende goal. Dit makke him fansels de man fan de wedstriid. Dochs moast hy nei de wedstriid in kratsje bier jaan oan de rest fan it team. Hy hie namelijk in giele kaart pakt om ’t hy tekeer gie tsjin de skiedsrjochter. In praatkaart dus. En dat kostet ien kratsje bier. In praatkratsje.
Ferkearde…
Ate Feike de Boer sprong sneontejûn in gat yn de loft doe ’t Marques skoorde foar NEC. Soe hy dan eindelijk ris goed begjinne yn de SDS-League? Wy soenen it him sa gunne. Uteinlik blykt NEC twa spilers te hawwen mei hast deselde namme; Marques en Marquez. Marques hat skoord. Ate hat Marquez yn syn SDS-League-team. Sorry, Ate….
Efter de bar
It slagget de Skoalleseize mar dreech minsken efter de bar te krijen. Liket it dy wat om sneons ris efkes efter de bar te stean lit it ús dan witte fia info@vv-sds.nl of app de foarsitter efkes of sa.
Net oefenje
SDS 1 soe kommende tiisdei út oefenje tsjin HJSC yn de Hommerts, mar no ’t it blessures reint is besletten om mar efkes rêstich te trainen.
SDS-fuotbalplaatsjes
Us hert smelt as wy sjogge hoe ’t de jeugd de fuotbalplaatsjes by Jumbo-Kooistra yn Wommels sparret. Ek Melle de Boer sit der hielendal fol fan.
SDS-Minileague
De SDS-Minileague is ek wer los ûnder lieding fan Tsjipke Okkema.
SDS-League
Wy hawwe de teams foar de SDS-League wer binnen en hoopje tongersdei mei de earste stân te kommen.
Harsens derby (2087)
Ho!
— Out Of Context Football (@nocontextfooty) September 11, 2022