Weppers snein 10-11

Ut- en ferslaggen 9-11
7 november 2013
Weppers moandei 11-11
10 november 2013

Ien minder
Sybo Wiersma hat syn nei fuotbalskuon dy’t syn heit him ferline wike tasein hie foar syn 7 klapper. It hie noch wat fuotten yn de ierde mar it wie Gearard van Asselt persoanlik dy’t se yn Itens ôflevere. Heit Bonne ballet freeds meast ek efkes mei en freed kaam hij ta in skoare fan 6. In respektabel oantal mar dochs ien minder. It mei dúdlik wêze dat soan Sybo it talint dus fan syn mem hat.

D2
D2 moast alle silen bijsetten om ien punt binne te heljen tsjin Oudega-HJSC D1. It wiene net allinne de spilers dy’t út de liken wiene nei de wedstriid mar ek twa trainers/koaches Ferrie en Theo. Se hawwe hast like folle yn it fjild west as de spilers om de talrike blessure behannelingen te dwaan. En of diene se it derom, de jeugd lei altyd oan de oare kant fan it fjild.

Ynhelje
De wedstryd juster fan SDS 3 tsjin Wâldsein 2 is lyk al wer op ‘e nij ynpland. De wedstryd sil no spile wurde op sneon 14 desimber. As it fjild en de seleksjes dit talitte fansels.

Bekerje
Sneon 23 novimber is der wer in beker-ynhelwykein. SDS A1 sil it dan foar de beker opnimme tsjin SC Franeker A2. SDS F1 mei út nei SSS ’68 F1.

Harsens derby(1153)
Zeerobben 2 miste juster tsjin SDS 2 in pear dikke kansen, mar sa slim wie it no ek wer net: