Útslagen sneon 28-2
27 februari 2009Weppers moandei 2-3
2 maart 2009 Assistint skiedsrjochter Ambu Kredytkrisis Chris
Hjirby efkes in berjocht oer de sûnens fan Tinus.
Neat heard
“Oars es-em-esto altyd gelyk werom” seit Tsjalling sneon tsjin Gert-Jan. “Freed nei PSV- Hearrenfean die der it seker net?”
Sa heare wij de persoan te neamen dy’t flagget. Wij knipten in unyk plaatsje: Wichard Deinum stie sneon te flagjen. Net bij SDS mar bij Bolswardia. Wij hawwe gjin klachten heard en geane der fan út dat hij de stap nei SDS as assistint skiedsrjochter no ek meitsje kin.
Sneon wie der helaas wer wat fuotballijen op de Skoalleseize. Bij trije útploegen rekke der immen út. Bij Mulier B-s immen mei in skeinde noas, bij Bolswardia 4 mei in earnstige knibbelblessure en bij Foarút 4 in stevige ankelblessure. Bij de lêste twa wie it yn alle gefallen in eigen ûngelokkige aksje. De sikenauto hat de Bolswardia spiler ophelle.
De kredytkrisis slacht oeral om him hinne. Seker at je it der hieltyd oer hawwe. Ek de AOW-ers fan SDS moasten sneon in “hapke” werom dwaan. Yn stee fan allegear in blêd mei bitterballen hiene se no mar ien blêd meielkoar.
En dêr wie hij wer. Chris Resing, de kenner fan it amateurfuotbal fan Nederlân, hie Nijlân-SDS útkeazen op dizze sneon. En fansels woe hij ek noch efkes yn de nije kantine sjen yn Easterein en bijprate mei Erik Haitsma. Dizze kear hie hij in Oeverzwaluwen sjaal om.
Kuorkebalje
Je hawwe kuorkeballers en fuotballers. Fuotballers kin better kuorkebalje dan kuorkeballers fuotbalje kinne. Sjoch mar ris: