Weppers Pinkstertiisdei

Doch ek mei oan de SDS-WK-Pool!
9 juni 2014
Weppers woansdei 11-6
10 juni 2014

SDS-WK-Pool
Jim hawwe noch oan ’t jûn 22.00 om jim SDS-WK-Pool yn te fullen! Opsjitte dus!

Ayanle nei Wispolia!
Ayanle Barkat fuotballet folgend seizoen by Wispolia. De spiler fan SDS 2 giet dêrmei trainer Maarten de Jong efternei dy ’t dizze sneins 5e-Klasser út Terwispel traine sil.

Kompetysje-yndielingen
As it goed is dan wurdt op 1 july bekend makke by welke klups SDS 1 folgend jier yn de kompetysje sit. De rest komt letter(klik hjir).

Inleveren Materialen.
Willen de leiders van de teams hun materialen inleveren.
Dit kan plaats vinden op donderdag 12 juni a.s. tussen 19.00 – 20.00 uur op het sportveld.
Indien dit niet mogelijk is even kontakt opnemen met:
K. de Haan, A. Joustrastrjitte 11, 8734 GJ Easterein,
t
elefoon 0515 – 332182, e-mail: klaasenakke@ziggo.nl.
Willem Twijnstra, coördinator materiaalbeheer v.v. S.D.S.

Mei de hûn?
Al in skoftke hie Jelle de Boer him op ‘e korrel. In man dy ’t al drafende syn hûn op it Skrok útliet. Dit is fansels ferbean en dat moat dus hurd oars. Jelle pakte de fyts en gie der efteroan. Doe ’t hy tichterby kaam seach der it. It wie Mark Postma mei in bal al dribbeljend oefenjend foar de dribbelmarathon.
Weer een mooi loopje gemaakt met de bal! :-)
Mark mei de “hûn” oan de foet……..

SDS-Look-a-like
Foar de nije Treffer sykje wy noch ien SDS-Look-a-like.
Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

Treffer
As der ien noch wat hat foar de nije Treffer dan soe it moai wêze as dit foar tongersdei 18.00 nei ús maild wurdt.


Harsens derby(1295)
Frankryk kinne jim ek wol skrasse yn de SDS-WK-Pool as favoryt: