Weppers pinkstersnein
27 mei 2012Weppers pinkstertiisdei
28 mei 2012SDS A1 – NOK A1
Giet tiisdei net troch. NOK hat te min spilers. Wedstriid wurdt net wer fêststeld.
Fytse en keatse
Pinkstermoandei tinke wij in dei net oan fuotbal. Op dizze dei sjogge wij wierskynlik fytsers en keatsballen foarbij fleanen mei grutte snelheid. De meidoggers mar in soad sukses tawinske.
In rôze stoarm yn Wommels
It kleure juster rôze yn Wommels en miskien ek wol op oare plakken. No begripe wij dat dy beer fan juster op syk wie………..
………nei Baukje Wytske……
Lokwinsken
De lokwinsken binne hjoed foar Justin Bosveld, Hij wurdt 7 jier en fuotballet bij F3.
EK Pool
De earste 7 oanmeldingen foar de EK pool fan SDS binne binnen, mar dat is noch neat. Us rie is lûk efkes in kertierke út om him yn te fullen. Jim kinne hjir sjen wêr’t jim dat dwaan kinne en hoe.
Let wol at de termyn foarbij is en dat is oer 10 dagen dan is it ek echt dien.
Alderaardichst
Montpellier is kampioen wurden yn Frankryk. De foarsitter wie hjir sa wiis mei dat hy nei de kapper gie en syn hier knippe liet en ferfje yn de kleuren fan Montpellier.
Mocht SDS 1 sneon yn de 2e-Klasse bliuwe is dit miskien ek wol indee foar Douwe-Dirk:
En dan yn it swart-wyt fansels……….
Harsens derby (771)
It bestuhuhuhuhuhuhuhuhuhhuhuhuhhuuhuhuhhuh!!!!