Weppers moandei 9-3-2020

Sneon 7-3-2020
6 maart 2020
SDS-League: ‘Beter Horen’ pakt de wykpriis!
10 maart 2020

Alderaardichst

Fan ús stiper ING hawwe wy in kreas wolkomsboerd krigen. Ynkoarten sil it pleatst wurde by de yngong.

Is it net in plaatsje?

Alderaardichst (2)

Michiel Zuidema en Menno Brunia wienen der sneon moai op tiid by………. Sy moasten om 11.30 oere yn de boks wêze om mei de JO19-2 om 12.30 oere te baljen, mar sy wienen der al om 10.30 oere. ‘ja, dan sjoch je in 11 en in heal yn de app stean en dan tink je; o dan moatte wy healwei alven yn de boks wêze…….’
Michiel pakte de fuotbaldei noch efkes hielendal mei, want hy fuotballe middeis ek noch mei SDS 4 mei.

Alderaardichst (3)

Tongersdei heard yn de kantine;
‘Ajax is kleurloos sûnder Babel…………….’

Alderaardichst (4)

Boca Juniors waard sneon kampioen yn Argentinië. Spits Carlos Tévez skoorde en pakte nei de wedstriid kluplegende Diego Maradona fol op syn snuffert. Soks ropt by ús lyk fragen op. Welke legendaryske SDS’er moat Hendrik de Jong fol op de snuffert pakke as hy skoort en dêrmei SDS 1 kampioen makket?
Carlos Tévez kust Diego Maradona.

Alderaardichst (5)

Marten Faber is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Alderaardichst (6)

Sneon rekke Jorrit Engelsma blesseard by de JO19-2 en it is mar de fraach as hy dit seizoen noch balje kin. Dêrneist moast hy hjoed ôfride en it wie mar de fraach as dat wol trochgean koe. Lokkich genôch koe hy better ride as rinne en is hy slagge. Fan herte lokwinske!
Foto fan Theo Postma

Alderaardichst (7)

SDS Vr.1 sit net hiel rom yn de spylsters en kin wol wat fersterking brûke. Wy binne dan ek tige wiis dat Sandra Hilverda by SDS Vr.1 kommen is te fuotbaljen. Fan herte wolkom!

Alderaardichst (8)

Hendrik de Jong skoorde sneon 2 kear foar SDS 1 tsjin Makkum en dat betsjut dat hy no 109 goals makke hat foar SDS 1. Dat is eksakt de helte fan wat kluptopskoorder Jappie Wijnia makke hat. Sjoch hjir.

De nije SDS-League

Moarn hjir op de webside de aldernijste stân fan de SDS-League.

Poiesz-jeugdsponseraksje

By de Poiesz kinne je noch altiten sparje foar de jeugd fan SDS. Dizze wike mar mei syn allen oan de tompoezen!

Harsens derby (2216)

Ho!

 

 

Letter miskien wol  mear!