Meinte Sixma-toernoai 2016
9 oktober 2016Weppers tiisdei 11-10
11 oktober 2016Tsjipke is heit wurden!
Sneon die Tsjipke Okkema net mei bij SDS 1. Syn Esther is namelijk ôfrûne tongersdei befallen fan in lyts jonkje neamd Jildert.
Fan herte lokwinske!
Ronny is op ‘e nij heit wurden!
Ronny Wagenaar wie sneon alwer fan de partij by SDS 3. Syn Nynke is woansdei foar in wike befallen fan in lyts jonkje neamd Niels Jilles. Broer en sus Ylva en Finne binne tige grutsk. Fan herte lokwinske!
Frijwilligersjûn
Kommende freed is der in frijwilligersjûn fan de Skoalleseize. Dizze is foar alle frijwilligers fan de Skoalleseize en al dy lju dy ’t holpen hawwe mei it klear krijen fan it fernijde sportkompleks. It begjint om 20.30 oere. Links ûnder op dizze side kinne jim de útnoeging fine.
Pupillen fan de dei

Tygo Zijlstra en Bram Veenje troffen it sneon as pupillen fan de wike! Sy mochten beide mei harren favoriten op de foto. Tygo mei Gerwin en Bram mei Dirk-Yde Sjaarda.
Beker
Sneon 22 oktober mei SDS 1 foar de beker tsjin FVC 1. Dizze wedstryd wurdt spile om 17.00 oere.
Keepersdei op 17 april 2017
Op sneon 17 april 2017 organisearet SDS in keepersdei. It is noch lang net safier, mar hjir alfêst de poster. Ynkoarten mear hjir oer.

DJ Ms HK
Kommende sneon nei de wedstryd SDS 1 – Bant 1 sil rûn in oer as 17.30 oere de DJ fan SDS Vr.1 efter de muzykknoppen stappe. Wy binne benijd as sy de kantine op de kop krije kin. Wy tinke fan wol!

Alderaardichst
By Old Forward kinne je better de bal net yn de feart skoppe……….. Fansels moatte jim de bal dan sels ophelje…….

Harsens derby (1770)
In klassike ’tikkie werom Jaap’, dit wykein by Polen – Denemarken.


