Weppers moandei 7-10-2019

Wike fan de skiedsrjochter

Eins is it fansels eltse wike, de wike fan de skiedsrjochter, mar dizze wike it it offisjeel troch de KNVB sa fêststeld. Kommende sneon sille de skiedsrjochters by SDS dan ek efkes yn it sintsje setten wurde.
Image result for week van de scheidsrechter

Hé skeids

“Skeids eerder fluite”, waard er ropt fanôf de kant tsjin de skieds fan tsjinst bij SDS 1 – Makkum 1. De skeids mocht soks praat net lije en hij snelde nei de dugout fan Makkum en wist doe net wa’t hij oansrpekke moast want hij hie it it roppen wol heard mar net sjoen út hokker mûle dit kaam. Bij Makkum seagen se nei de dug out fan SDS en de skeids melde him bij trainer Douwe Posthuma. Dy folstie mei in hângebaar: hij wiisde nei de bank fan Makkum. De skeids rôp beide trainers bijelkoar en hat doe oanjûn dat hij soks net wer heare woe.

Draaibal

Der slagge net folle yn de earste helte bij SDS. De bal fleach alle kanten út útsein de goeie. Dit ta ôfgrizen fan Jelle de Jong fan draaierij de Jong, ien fan de wedstriidsponsoren. In opmerking fan syn buorman op de Bunniksite makke it ek net better: Hast in draaibal fuortjûn Jelle?

Gjin ûnderskied

By de KNVB is men hieltiten mear dwaande om yn de jeugd net mear ûnderskied te meitsjen tusken goeie en minder goeie fuotballers. By SDS probearje wy ek safolle mooglik op leeftiid yn te dielen en sa it KNVB-belied te folgjen. Jim kinne hjir sjen hoe as dit by b.f. Be Quick 1887 regele is.

Mini-League!

De oanrin by de Mini-League is op dit momint tige grut. Sa hawwe wy no al 16(!) fuotballerkes dy ’t meidogge oan de Mini-League.

Lokwinske!

Grut SDS-supporter, Appie Posthumus, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Goals opromje

Graach nei it trainen de goals kreas opromje.


Foto kom út it archyf

De nije Treffer

It is oktober, dus ek hast tiid foar de nije Treffer. Mochten jim wat hawwe foar yn de Treffer stjoer dit dan nei info@vv-sds.nl.

Skoreboerd is noch yn de war

Sneon foar in wike wie it skoreboerd wat yn de war by SDS 1 – Scharnegoutum 1 en sneon die hy it hielendal net. Wy hoopje as wy him dizze wike wer wat bylapje kinne sadat hy sneon alwer flink oan de bak kin.

It skoreboerd yn syn jonge jierren

SDS-League

Wat earder as dan jim fan ús wend binne kinne jim moarn de nijste stân fan de SDS-League al ferwachtsje.

Harsens derby (2164)

Je moatte dochs wat as de bal yn de feart leit………

 

 

Letter miskien wol mear!