Weppers moandei 6-9

Weppers snein 5-9
4 september 2010
Weppers tiisdei 7-9
6 september 2010

SDS League

De formulieren foar de SDS League binne klear. Sy sjogge der iets oars út dan dat jim fan ús wend binne. Graach gau ynfulle, want wy wolle kommend wykein al los. Wy wurkje mei de seleksjes dy fermeld stean op www.competitiemanager.nl. Sommige nije oankeapen fan klups binne dêrop noch net ferwurke. Wolle jim dizze spilers dochs hawwe(b.f. Aissati by Vitesse) dan skriuwe jim se der mar by. Wy kinne allinnich gjin garansje jaan dat sy by www.competitiemanager.nl ek punten krije.
Dus net te lang stinne en gau dy SDS League útprinte en ynfulle of ynfulle en maile nei info@vv-sds.nl. Jim kinne hjir it formulier fine en der hjir alles oer lêze.
Graach ynleverje foar sneon 19.00.

SDS 1
Sij spylje jûn tsjin de Wâlde foar de beker. It begjint yn Easterein om 18.30 oere. De seleksje sjocht der no sa út:
Ewout, Feiko, Marten, Feite, Erik, Jacob K, Wytze, Arjan, Harm, Tsjipke, Sietze, Jort, Andries en Arjen.

SDS 3
SDS 3 -spilers steane jûn om 20.00 oere yn it fjild yn Aldemardum. Sij spylje tsjin NOK 2.

Fleurich F3

F3 giet in fleurich seizoen temjitte. Dat konkludeare wij oan de hân fan de foto’s dy’t wij krigen fan Karst Tamminga. Sa te sjen sjogge se it hielendal sitten. Sjoch hjir foar alle fleurige kopkes.

Primeur
Andries Brinksma hat ôfrûne sneon as earste in nije SDS-tas kocht. Wa folget? De tassen binne op foarrie. Bestel se rjochtsûnder op dizze webside yn de webshop.  

Da1-Da2


Bram van Beem seach as eks-lieder fan Da2 mei bysûndere belangstelling nei Da1-Da2. Hij makke ek noch in pear foto’s.

SDS 5

Ferline jier kamen se op de foto yn Ouwesyl. Dit jier mar wer ris yn Easterein. Net dat se der allegear wiene, mar dit is al in moai begjin.

Sponser
Soe der by SDS ek sa ’n buordsje yn de klaaikeamer hingje?


Hendrikje kuorkebolje
Jierren lyn stoppe Hendrik Eringa út Spannum as keeper by SDS. Hy woe wer kuorkebolje. It kuorkeboljen is der allinne nea fan kommen, mar no ’t der te min froulju binne sjocht Hendrik(je) syn/har kâns. Miskien de folgende kear al geskiktere skuon oan dwaan:


Harsens derby(284)
Ek in superspits as Tévèz fan Manchester City mist wolris in kânske…………