Weppers moandei 6-2

Weppers snein 5-2
4 februari 2012
Weppers tiisdei 7-2
6 februari 2012

Net traine
Der kin jûn yn Snits net op kuenstgers traind wurde.
Johan

Wol traine
SDS 2, 3 en de A’s traine sneon yn de seal yn Easterein fan 10.00-12.00.
Tongersdei sille SDS 2 en 3 wer spinne.

SDS 1 tiisdei nei Ljouwert
Tiisdei giet SDS 1 om 19.30 oere trainen yn de sportskoalle fan Feiko. Om 19.00 fertrekke út Easterein.
Adres: James Wattstraat 4 yn Ljouwert. It is yn ’e buert fan Swette meubelen.

SDS League
Jim kinne jim nije team foar de SDS League wer gearstalle. Klik hjir foar it formulier. Graach ynleverje foar sneon 19.00.

Jierdeis
Christiaan Plantinga wurdt hjoed 21 en Joost Verheus 17. Beide fan herte lokwinske.

Sealtraine
Der is noch twa kear trainen yn de seal. Dizze wike sjocht it der sa út.

Ma. 17:00-18:00  E3 Ayanle Barkat
Di.  16:50-17:50 E4/E5 Karst Tamminga
Do.  17:00-18:00 F1/F2 Christiaan Plantinga

Win een uniek trainingskamp in Marbella
Zwoegen in de regen met windkracht acht. De Nederlandse weeromstandigheden maken onze amateurvelden momenteel niet de ideale plek om je voor te bereiden op de tweede seizoenshelft. Daarom biedt Continental, hoofdsponsor van het 7×7 35/45+ voetbal, de unieke mogelijkheid om met zeven voetbalvrienden het ultieme trainingskamp te beleven in het Spaanse Marbella, onder leiding van John de Wolf.

Ideale voorbereiding
Een trainingskamp onder de Spaanse zon zou de perfecte voorbereiding zijn op de 7×7 35/45+ toernooien, die traditioneel worden gespeeld na afloop van de reguliere competitie.

De eerste voorrondes staan gepland op vrijdagavond 25 mei en de winnaars hiervan plaatsen zich voor één van de zes districtsfinales, die een week later op vrijdag 1 juni op het programma staan. De districtswinnaars kwalificeren zich voor de landelijke finale in Zeist, waar op zaterdag 16 juni gestreden gaat worden om het Nederlands kampioenschap. De inschrijving voor deze toernooien start op vrijdag 23 maart. Houd voor alle info de speciale website www.voetbal.nl/7tegen7 goed in de gaten!

Ajax en 11 stêden
 
Jierren lang binne de Feyenoordsupporters op dizze side troch it slyk helle. Altyd ferlieze fan Ajax en altyd leger einigje. Nei dit wykein lizze de saken wat oars. En dan falt sa’n tweet tige yn de smaak (bij ien fan de webmasters) 

De tocht
Wij hâlde net fan spekuleare mar wij tinke dat de kâns grutter is dat der sneon in 11stêdentocht is as in fuotbalwedstriid yn Easterein. Dus dogge wij al fêst wat foarwurk. Hoefolle leden fan SDS binne lid fan de 11 stêdenklup en sille oan de start ferskine?  Mail it ús dan kinne wij ús leden dêrfan op de hichte bringe.

Harsens derby(678)
Alderaardichst om mei dit waar te fuotbaljen, mar eeuuuhuhuuhuhuhuhhuu………wêr is de bal?