Sneon 4-11-2017
3 november 2017Weppers tiisdei 7-11-2017
7 november 2017SDS-ledengearkomst
Kommende woansdei is der wer de jierlijkse SDS-ledengearkomst. Sa as alle jierren begjint it om 20.00 oere en hat Auke-Jetze de kofje klear. Jim binne allegear fan herte wolkom. Ut betroubere bron hawwe wy fernaam dat der ‘grut’ nijs te melden is. As jim de notulen fan ferline jier noch efkes lêze wolle dan meie jim maile mei info@vv-sds.nl.
Mei syn allen binne wy SDS!
Skiedsrjochters!
Ballenpakker
As de bal efter it keunstgersfjild yn de sleat komt dan is der in ballenpakker om de bal út de feart te heljen. De ballenpakker is allinnich altiten dreech te finen. Ús topper Andries Stuiver hat hjir wat op fûn!
Alvetalfoto?
SDS 3 soe sneon op de foto, mar de measten wienen te let……….. lokkich genôch wie Ype wol op tiid………..
Foto’s Henk Bootsma
Henk Bootsma makke sneon wat foto’s by SDS 3 – VVI 3. Jim kinne se hjir besjen.
Betink in ûnderskrift!
Tusken alle foto’s fan Henk Bootsma fan SDS 3 kamen wy dizze alderaardichste foto ek tsjin. Soenen jim in aardich ûnderskrift betinke kinne?
Mail it nei info@vv-sds.nl!
Mei de bus nei Knickerbockers!
SDS 2 spilet op sneon 18 novimber út tsjin de Knickerbockers út Grins. In moai ‘buspotsje’ tochten wy sa! Yn de bus is noch romte foar supporters. Jou je op fia info@vv-sds.nl!
Werom út Wille-oord!
SDS 1 kaam sneon sûnder punten werom út Willemsoord, mar wy hawwe út ûnbetroubere bron fernommen dat de wille weromreis yn de bus der net minder om wie.
Bline toto!
Fansels waard der sneon yn de bus ek spile yn de bline toto. It waard 2-0, dus de drûge woarsten gienen nei net ien, want dy útslach stie der net by…………..
Harsens derby (1942)
Jim hawwe him fêst al sjoen, mar hy bliuwt hilarysk!!