Weppers moandei 5-12-2022

SDS WK-League: stân sneintejûn 11 oere
4 december 2022
SDS WK-League: stân moandeitejûn 23 oere
5 december 2022

Supporters

It is moai om te sjen dat SDS 1 op it stuit ek by útwedstriden de stipe krijt fan in hieltiten gruttere skare oan supporters út Easterein, Wommels en omkriten. Neist de ‘Bunnikside’ is der no sels ek al in ‘Nij Noord’:

 

Lokwinske!

Bauke Dijkstra en syn freondinne Marrit Kuperus hawwe sneon 26 novimber in lytse poppe krigen. Fan herte lokwinske mei lytse Tjerk! Mar noflik genietsje mei syn allen!

Hendrik de Jong

Troch knibbelbânletsel fuotballet Hendrik de Jong heechstwierskynlik it hiele seizoen net wer. Wy winske him betterskip!

SDS WK-League

Mei in bytsje gelok kinne jim hjir jûn let de nijste stân fan de SDS WK-League wer fine. Soe Tjitse Postma noch boppe oan stean?

Sinteklaas by de JO19

Sinteklaas hie sneon foar de útwedstriid tsjin Makkum in gedichtje en in presintsje foar de mannen:

Beste jongens fan JO-19,
Barcelona, 4 desimber 2022
Se nimme jim ek wol de toppers fan SDS.
Sint snapt dat wol, al ha jim net altiid súkses.
Jim bin meielkoar in fanatieke ploech.
Al bin sommigen fan jim sneontemoarns toch noch aardich sloech.
Jim litte de supporters faaks in moai potsje fuotbal sjen,
Moai om te sjen wat san team allegear kin.
Mar jim krije ek wolris dik oane kont,
en der rekket ek wol gauris ien gewond.
Bloedneuzen, iepen knibbels of in skoulder út de kom,
it kin jim net boeie, jim gean fluitend nei it fjild werom.
Soms flokke, raze of ûnderling geklier,
mar nei de wedstriid gau de kantine yn en oant bier!
No mar gau it fjild op en ‘gaan met die banaan’.
Dy club út Makkum yn hun Ajax-sjirtsjes kin jim makkelyk ferslaan.
Hjir wat lekkers foar jim om te iten.
Ferjit jim toppers Johan en Floris foaral net om mei te genieten.
Súkses jongens!
Dikke tút fan de Sint

Sa gienen de mannen dochs noch bliid nei hûs Undanks it ferlies mei 1-0.

Balstiper

Dat Erik Haitsma sneon gjin bal goed rekke tsjin sc Bolsward kaam mooglik trochdat hy syn jild op de ‘ferkearde’ bal setten hie… 😉

Harsens derby (2115)

Brazilië gelyk…….