Weppers moandei 5-12

Foto’s SDS 1 – SVM 1
5 december 2016
SDS-FIFA-2017-toernoai
6 december 2016

Sinterklaas

De mannen fan SDS/Scharnegoutum JO-19-1 hienen in ferlanglistje ynlevere by Sinterklaas mei mar ien winsk der op; 3 punten!
Spitich genôch waard dit it ôfrûne sneon net, mar sy koenen nei de wedstryd wol genietsje fan in hearlijk stikje drûge woarst!

sinterklaas-sds-jo19-1-gedicht-meint

Swarte Pyt

En sa kaam der sneon ek noch samar efkes in ferdwaalde swarte Pyt del yn de kantine.

Spulrigelbewiis

It is wer sa fier. It wichtige spulrigelbewiis. Alle twadde jiers jo/mo 17 moatte dit bewiis helje. Slagget dit net dan ferskynt de namme fanôf septimber net mear op it wedstrydformulier. Mar it slagget al, want je kinne sa faak as je wolle probearje. Kom je der sels net út, klopje dan gewoan efkes by de familje Van der Pol oan, dan krigest help oant it papierke helle is. Eltsenien kriget fia it by de klub bekinde emailadres in utnoeging en kodes en dan kinne je beginne!

SDS seal

Kommende woansdei om 21.00 fuotbalje sij thús tsjin Langweer 1. Sporthal de Greidhoeke.

Super!

SDS JO13-3 hat de earste helte fan de kompetysje prima presteard! 1 ferlern en fierder alles wûn! Sy binne op goalsaldo 3e wurden, mar eins gewoan dield earste. En dat foar it earst op it it grutte fjild! Earste ynfloed fan keunstgers sichtber, of gewoan multi-talinten?
Tjerk van der Pol

SDS JO15-1 – Flevo Boys JO15-3 : 5 – 0

Nei de ofstraffing fan ferline wike tsjin de koprinner, moasten we hjoed wer oan ‘e bak tsjin Flevo Boys ut Emmeloord. Om de jongens fuort fanof it begjin skerp te kryen, hiene we de warming up iets oanpast. Dit like te slagjen want de mannen begongen skerp oan de wedstriid. En we kamen sawier op foarsprong. Nei 11 minuten moat de keeper fan Flevo Boys al fiskje. In moaie oanfal wurd skitterend ofronden troch die hieltiid better wurdende Merijn. We bliuwe de bettere ploeg, mar ferjitte fierder ofstan te nimmen. Sadwaande hald Flevo Boys hoop en langsamerhan kriget Flevo Boys wat de oerhan, sunder echt gefaarlik te wurden. Reststan 1-0. Nei de rest makket Stan de 2-0 en de 3-0. Merijn makket de 4-0 en uteinlik makket Stan der ek noch 5-0 fan. Us twa spitsen wiene dus hiel effektief. Einliks stie it hielendal wol goed. Us meast talintfolle spyler Luka hat it dit seizoen net makkelik, mar bliuwt der altiid keihurd foar wurkjen. Yn dizze wedstriid kaam dat der allegeare ut, hy spyle in hiele beste wedstriid, miskien wol de beste fan it hiele seizoen oan t no ta. We steane no op 17 punten, wa hie dat fan te foaren tocht ? No noch 2 wedstriiden oan ’t de winterstop. Wat soe it moai weze at we dizze helte ofslute kinne mei 23 punten. Mar safier is it noch lang net, nye wike earst ut nei Blauw Wyt en dernei LSC thus.
Theo

Skaadmannen

skaadmannen
Sneon in moai sintsje en dus ek moai skaad. Herkenne jim dizze trije? De famyljes Terpstra, Hofstra en Overal binne útsletten fan dielname..

Yn it sintsje

bunnikside-desimber-2016
De Bunnikside wurdt sa stadichoan in soarte mei haadtribune. It wie sneon ek drokbeset yn de lijte en yn it sintsje. Mar wa is dy skaadman efter it boerd fan Kamstra steenhandel?

Alderaardichst

Hawwe jim de stân al sjoen yn de 3e-Klasse A? It is dat de nûmer 2 en de ûnderste 3 net meiwurkje, mar foar de rest sit der hieltiten ien punt tusken de ploegen:
sds-1-stand-5-12-2016

Alderaardichst(2)

Ús favorite stikjesskriuwer Sjoerd Mossou hie ôfrûne sneon wer in alderaardichste kollum yn it AD. Lês hjir mar ris.

Sinterklaasalvetal

Harsens derby (1802)

Der is wer in nije fariant korner.