Weppers moandei 5-11

Weppers snein 4-11
2 november 2012
Weppers tiisdei 6-11
5 november 2012

SDS-ledengearkomst
Kommende woansdei 7 novimber is om 20.00 de ledengearkomst fan SDS. De wurklist fan dit barren stiet yn de Treffer.

Linen krytsje

It wie freed in wiete boel op de fjilden. Sa wiet dat de linen net set wurde koene. Dan mar wachtsje at it allegear trochgean kin en dan op sneontemoarn noch mar efkes oan de gong.
Sa barde it dat Theo Jelsma mei help fan Harm Bergsma sneontemoarn tidens de wedstriid fan D1  it A-fjild sa no en dan it fjild yngyngen om wer in lyntstje te lûken.

En dêrnei waard ek it B-fjild noch ûnder hannen nommen tidens de wedstriid.

SDS 5
SDS 5 helle sneon in moaie oerwinning tsjin Sleat 3 en it koarte ferslach fan Wichard Deinum, wêr’t wer hiel wat fearen jûn en klappen útdield wurde stiet no bij
de ferslaggen fan sneon.

10 jier

Net allinne de wepside bestie juster 10 jier ek de beide wepmasters binne 10 jier aktyf west. Beide binne der fanôf it begjin bij belutsen en Tjerk van der Pol joech ús beide it fiktive sjurtsje mei nûmer 10, wêrfoar ús tank.

In slokje op de 10 jier
Ek it bestjoer fan SDS liet dit heuchlike feit net ûngemurken foarbijgean. In hiel aardiche attinsje (je kinne der better fan wurde at je it mei mate nimme en je kinne der min fan wurde at je te folle op ien jûn nimme) waard besoarge. Ek dêrfoar ús tank.
En fierders wiene der wat lokwinsken op de mail en twitter dy’t je sa as altyd
hjir sjen kinne.

Bearenrin
Jan Stenekes, Dirk de Jong en Samme Overal draafden juster de Bearenrin op Skylge. Dat skynt in loopke te wêzen fan goed 21 kilometer. Sij hawwe gjin lêst fan kâlde fingers hân. Want dy hiene se……sjoch
hjir
Jan en Dirk woene graach binne de twa oeren oankomme en wêrom sille je dan ek earder oankomme sa tocht Jan: 1.59.39.

Alde doaze
Wij glufden noch efkes yn de âlde doaze en fûnen
dit út 1983 fan in wedstriid fan SDS 1 tsjin Aldegea 1.

Keunstgers
SDS 2 mocht ôfrûne sneon fuotbalje op it keunstgers fan Zeerobben. It spielde de hiele wedstryd, dus de kâns op skroeiplakken wie nihil…………


Fan herte lokwinske!
Fotograaf Henk Bootsma wûn yn de moanne oktober in priis op seniorweb.nl in priis mei in foto fan in pear SDS’erkes. Fan herte lokwinske! (sjoch hjir).

Harsens derby(881)
Ho!