Weppers snein 3-5
2 mei 2009Befrijdingsweppers
4 mei 2009A en B gjin trainen
Der is op 4 maaie GJIN TRAINEN foar A- en B-junioaren.
Woansdei wol trainen foar A- EN B-junioaren.
Klaas
Neikompetysje
SDS 2 mei sneon lyk los yn de neikompetysje. Sy spylje sneon om 14.30 thús tsjin Heerenveense Boys 2. Tiisdei 12 maaie moat SDS 2 om 19.00 út tsjin de Feansters.
Ring kwyt
Gisteren hebben we bij jullie een wedstrijd gespeeld SC Joure dames 1 en nu ben ik een zilveren ring met 5 a 6 kleine steentjes kwijt. Het kan zijn dat hij uit mijn tas is gevallen toen ik hem erin wou doen.
Heeft iemand van jullie vereniging hem gevonden?
Groetjes Annelies
SC Joure dames 1
Wa ’t him fûn hat moat mar efkes maile nei info@vv-sds.nl.
Strafskop
SDS 2 krige sneon in strafskop bij in stân fan 2-3. De krekt ynfallen Harm Auke Dijkstra (SDS 5) seach om him hinne en wist seker dat hij de man wie om dit keunstke te flikken. Mar foardat de bal goed lei, waard dúdlik dat net elkenien der fertrouen yn hie. Henk Postma waard alsnoch oan wezen en skeat rekke.
Trainingsmooglikheden beheind
De trainingsfjilden binne oan rêst ta. Dat betsjut dat fanôf 1 maaie net mear traind wurde mei op it fjild bij de klaaiboksen en nei 20 maaie net mear op it fjild efter de sporthal. Dat wurdt dus tongersdei in drokke boel efter de sporthal mei 6 seniore-alvetallen!
Training E1
Giet jûn net troch.
Lêste ferslach
Ôfrûne sneon hat SDS 1 syn lêste kompetysjewedstryd spile. Fansels hat Siem Sikma hjir wer in kreas ferslach fan makke. Klik hjir om it lêste ferslach fan dit seizoen te lêzen. Siem, mar wer tige tank!
Doelpunten
It hat efkes duorre mar it doelpuntenklassemint is no wer folsein te besjen op de side. De mânlju kinne jim hjir sjen en de froulju hjir
Wa binne dit
Wij krigen in moaie foto út eardere tiden fan 5 jonge kroechrinners. Wij hawwe in pear oanwizing mar dy hâlde wij noch efkes foar ús. Mail ús at jim dit kwintet herkenne.
Pré WK
Oansjoent der wat kluchten wiene yn Apeldoorn, alle ambtenaren frij binne, de jimbar 10 bestiet, sds 2 nei-competitie mut spielje, ut fjild achter de sporthal in sânbak is, ut bier goed smakke hat ôfrune dagen, strapless BH’s yn de mode binne, Koewijt ûtskakelt is foar de Olie cup, Ajax de kunst hat untdekt om fan iederien te ferliezen, skarrel-aaien lekkerder binne as legbatterij-aaien, net iederien sich om de dei hoeft te skeren en omdat de Jumbo gjin Koelman Augurken mear ferkeapet is de start fan it officiële WK ûtstelt. De fergunningen koene net op’e tyd rûn komme en wij sille net mei fingers gean wiizen oan wie dat leit.
Desalniettemin wurt der op mandei te joun op 4 mei in Pré WK organiseert foar de liefhebber. 19:30 is de welkomsttyd op ut foutbalfjild fan Wommels.
Namens de WK Directie,
Hendrik Engbrenghof
Bus misse
As je mei syn allen yn de bus te fuotbaljen gean, dan moatte je de bus net misse lykas Alex Ferguson: