Weppers tiisdei 8-11

Oanmelde skiedsrjochterskursus
7 november 2016
It siet VR 1 net mei yn Aldegea
8 november 2016

Oudega Vr1 – SDS Vr1 1

Justerjûn spile yn Aldegea. Bij it skoft stie it 2-2, troch doelpunten fan Amarins en Tjitske. Nei it skoft skoarde Tjitske noch 2 kear, mar it wie net genôch foar in oerwinning. Einstân wie 6-4

Yn de seal

Woansdeitejûn om 21.00 oere spilet SDS seal 1 wer thús. Worlum 3 is de tsjinstanner.

Sipke de Boer op de SDS-nijjierssit!

Wat wy eksakt dwaan gean mei de SDS-nijjierssit op sneon 7 jannewaris is noch geheim fansels, mar de aktiviteitenkommisje wit al wol fêst te melden dat Sipke de Boer dan optreden komt yn de kantine!

Foto’s WPB 1 – SDS 1

imgp3475

De pot mei goud stie yn Easterein, mar de 3 punten bleaunen yn Snits……………. (Foto; Henk Bootsma)

Henk Bootsma wie ôfrûne sneon wedstrydsponser by WPB 1 – SDS 1 en makke ek noch alderaardichste foto’s. Jim kinne se sjen op syn Facebookside.

Ljouwerter Sweltsjes JO15-1 – SDS JO15-1 : 1 – 1

Der stie sneon al in lyts stikje op side dat dit wol in krease utslach like, en eltsenien beneid wie en at de mannen fanof it begjin no wol wekker wiene. It antwurd is op it earste diel is JA, it antwurd op it twadde diel is NEE. Mar 9.00 oere balje is fansels ek wol hiel betiid.

In pear fan us stiene yn it fjild noch te gapjen en wriuwden de sliep noch ut de eagen, wielst de thusploech de sliep wol ut hie. It duorre dan ek mar 20 sekonden en we stiene al wer op efterstan. De Sweltsjes ut Ljouwert balje at it in lust is en wy steane der op in pear meter ofstan nei de sjen, sawol efterien, op it middenfjild mar ek foaryn. De Sweltsjes krije in pear beste kansen, mar lykas de leste wiken stiet Jeffrey wer prima te keepen. Geande wei de earste helte krije we dochs wat mear grip op de tsjinstander en kinne we der in pear kear gefaarlik utkomme. Spitich genoch untbrekt it oan skerpte foaryn. We geane dan ek mei in 1 – 0 efterstan de rest yn.

De twadde helte stiet it better. Al hiel gau meitsje we de lykmakker (Stan). Efterien wurd der net folle mear fuort joen en mei 4 man krije we ek it middenfjild yn hannen. Betiiden prachtige oanfallen wurde op de matte lein en der unstiene ek hiele grutte kansen. Mar spitich genoch wurden dizze net fersulvere. In pear kear wie de hiele beste nummer 10 fan de Sweltsjes noch gefaarlik mei individuele akjes. Mar efterien diene we gjin gekke dingen mear, sadat we it punt fry makkelik oer de streep lutsen. Oer de hiele wedstriid sjoen wie it lykspul in terjochte utslach. Mar op basis fan de twadde helte hie der noch wol wat mear ynsitten miskien. Al mei al wie it fanof de kant in tige spannende, mar prachtige pot fuotbal om te sjen. Dochs wer in hiele beste teamprestaasje. Om ta goeie resultaten te bliuwe kommen, moatte we it mei syn allen dwaan. Hjirbei is eltsenien, fan de nummer 1 oant en mei de nummer 14, lyke belangryk !!!!!!!! Nye wike thus tsjin alwer in Ljouwerter ploeg, te witten Frisia.

Alde doaze

ald-012

 

Harsens derby (1789)

SDS 1 sil jûn traine op korners 😉