Weppers moandei 3-6

A1 slút seizoen ôf
2 juni 2013
Weppers tiisdei 4-6
3 juni 2013

Kampioenen. 

Bij gevoelstemperatuur van min tien is SDS D123 kampioen geworden op het Sneek/WitZwart BOSO D-pupillen zomertoernooi. Machtige afsluiting van het seizoen!
Tjerk


Nei Bolswardia!
Sawol Redmer Strikwerda as Arjan Posthumus spylje folgend seizoen net mear foar SDS. Beide hawwe der foar keazen om it efkes fierderop by Bolswardia te probearjen. Sy treffe dêr de âld-trainer fan SDS 2 Hylke Schrale as trainer. De kâns is grut dat wy elkoar folgend seizoen treffe. Bolswardia spilet ek yn de 3e-Klasse.

Slotjûn jeugd
Ôfrûne freed wie der wer de jierlijkse slotjûn foar de jeugd mei û.o. it penaltysjitte, it spultsjessirkwi en de ferlotting.
It penaltysjitten waard dit kear wûn troch Wierd Hofstra fan D1, hy skeat se knap efter Bauke Fopma en Gert-Jan Hiemstra en die dit krekt efkes better as Jorrit Engelsma(E3) en Doede de Jager(F1).
As der noch ien foto’s hat dan mei dy se wol nei ús maile.

Neikompetysje sneins
Yn de neikompetysje fan de 2e Klasse sneins steane twa âld-SDS-trainers tsjinoer elkoar. Marcel Frankena mei it mei Drachten opnimme tsjin it VV Heerenveen fan Dick Schuurman. De earste wedstryd yn Drachten waard juster mei 2-0 wûn troch VV Heerenveen. De twadde wedstryd is kommende snein om 14.00 op Skoatterwâld.

Easterein – Wommels

Tongersdei 6 juny stiet der wer ris in Easterein – Wommels op it programma. Nee, gjin fuotbalwedstriid mar Jeu de Pelote. Yn harren tarieding op it IFK yn Easterlittens sille beide teams it tsjin elkoar opnimme op it MFT yn Easterein om 19.30 oere. Miskien wol aardich om efkes del te kommen.
Dirk-Yde


Matthäus wol wer fuotbalje?
By 1 miljoen “likes” wol Lothar Matthäus wer fuotbaljen gean(klik hjir). Wy ferwachtsje net folle “gefällt mirs” út Nederlân…..


Harsens derby(1041)
Hat Dútslân gelok dat sy Neuer efter de hân hawwe……..