Weppers moandei 29-7

Harsens derby!!!!
28 juli 2013
Keatskenner SDS
30 juli 2013

Tarieding SDS 2
SDS 2 begjin nije wike moandei foar it earst wer te trainen under lieding fan Broer-Wiebe de Ringh. Dit skema hat hy foar SDS 2 ynelkoar draaid.

Efkes Balje
De edysje fan ôfrûne freed giet de boeken wer yn as suksesfol en bloedhyt. Ek it debút fan heit en soan Haagsma sil dêr in plakje ynkrije. It is in aardichheid om te sjen hoe sokke jonge talinten dy’t SDS hat gewoan lekker meibalje op sa’n freedtejûn. Yn dit gefal bedoele wij fansels soan Almer en net heit Marco. Dat de famylje Haagsma beide ek noch wûnen en de twa winnende goals makken, makke it feest foar harren hielendal kompleet.
Ek de jonge Heerma en de jonge Postma diene wer folop mei. Sij koene it dizze kear net winne. Dat wie ek wol wat logysk. Sij wiene beide bij harren heit. Tsja, dat wit je it wol. Sij wurken harren út de naad en de âldsjes rûnen de kantsjes der wat ôf.

Foute Elftal

Fakânsje is foar sommigen de tiid om ris in boek te lêzen. Foar de leafhawwer fan ferhalen oer fuotballers en wat er allegear mis gean kin tidens of nei de karriere, kinne wij dit boek oanriede. Het Foute efltal is grappich skreaun en it jout leuyke ferhalen oer Jerry de Jong, Ton Blanker, Abdellaoui, Patrick Kluivert. Ulrich van Gobbel, George Best, Vinnie Jones, Abdres Escobar en tal fan oaren. Íen da de wepmasters hat it boek thús en wat belangstelling hat om it te lêzen kine maile nei sds-nijs@home.nl

Op fakânsje

Yn it ramt fan komkommernijs in kykje fan twa wiken lyn út Turkije. Eddy de Boer twittert mei it rjochter each efkes mei ien fan de wepmasters en sjocht mei in lofter each op de tablet nei fuotbal, nei in konsert fan John Bonamassa of nei in programma oer greidefûgels yn Turkije.

Keatskenner
Twa man fan SDS steane woansdei op de PC. Dan wurdt it wat makliker om te rieden hoefolle earsten dizze twa mannen woansdei bijelkoar keatse. Maile kin nei
sds-nijs@home.nl at jim de titel keatskenner fan SDS in jier drage wolle.

Harsens derby(1076)
De goal is wol aardich, mar wy geane foar de assist: