Weppers moandei 28-7

Beker- en kompetysje-yndielingen
23 juli 2014
Seleksjes Vr1 en Vr2
28 juli 2014

Tûkelteammen
Miskien dat jim it ek murken hawwe, mar der wiene wat technyske tûkelteammen mei de wepside. De weppers fan freed stiene der earst wol op en doe wer net. Ek de yndieling fan de Vr1 en 2 hawwe der in koarte tiid op stien mar binne no ek fuort. Dus binne de weppers fan freed foar in diel de weppers fan moandei en sille wij de yndieling fan Vr1 en 2 op nij dwaan yn de rin fan de dei.

PC
Woansdei is de PC. Dit jier wer in aardich oantal SDSérs op it griene hillige fjild.
Sa as gewoan jouwe wij jim no ek wer de kâns om it oantal earsten te rieden fan de SDS’ers dy’t mei dogge. De lotting is jûn om 6 oere en dêrnei kinne jim mar oan it tellen.
De keatsers dy’t meidogge foar SDS binne: Feiko Broersma, Dirk Yde Sjaarda, Erik Haitsma, Jacob Klaas Haitsma, Bauke Dijkstra en wij bliuwe fansels Jelte Pieter ek noch SDS-er neamen. Mail it oantal earsten nei
sds-nijs@home.nl of twitterje it nei @ff_sds. Doch it foar woansdeitemoarn 8 oere.

Beker SDS 1
Wy reitsje mar net útsprutsen oer de bekeryndieling fan SDS 1. Sy meie ommers nei de Wâlden tsjin VCR(Rinsumageest), WTOC(Westergeest) en VV Kollum. In trainingskamp opslaan yn de Wâlden leit dan ek foar de hân. Út ûnbetroubere bronnen hawwe wy fernaam dat der op dit momint inkelde SDS’ers yn de buert fan Kollum oan it sjen binne nei in geskikte kamping. Of soenen Ype & Tseard it gewoan efkes “kollum” oan dwaan.

Beker SDS 1(2)
Foar de nije SDS-trainer Frans Munsterman binne de Wâlden net ûnbekend. Hy hat jierren trainer west fan VV Kollum 1.

Lokwinske!
Elger Turksma wie tongersdei jierdei! Noch fan herte lokwinske!

Peppi & Kokki
Peppi & Kokki binne in kaartspultsje oan it dwaan en Peppi smyt in boer op; “It wurdt skoppen”?
Kokki: “Wat binne skoppen ek alwer”
Peppi: “Nepklavers…………”

Alderaardichst
fashion2
It nije kapsel fan Pepe moat efkes wenne…..

Harsens derby(1309)
Fernando Torres hat de lakers op syn hân: