Weppers moandei 28-11-2022

SDS WK-League: stân sneintejûn 23.00 oere
27 november 2022
SDS WK-League: stân moandeitejûn 23.00 oere
28 november 2022

Nije leider SDS 1

Jan Sijtsma is de nije lieder fan SDS 1. Hy sil der dit seizoen eltse wike foar soargje dat alle omballingen by SDS 1 wat goede ferinne.

Tige by tige!

Ofrûne sneon makke DJ Heavy P. der nei it fuotbaljen in alderaardichste middei en jûn fan mei plaatsjes fan Volbeat oant André Hazes en fan Goldband oant Metallica. De barmeiwurkers hawwe in drokke middei en jûn hân. Yn de rêst fan SDS 1 – sf Deinum 1 waarden der mear as 100 bakjes kofje ferkocht en sneontejûn wie der úteinlik noch in heal kratsje bier oer. Theo, Anna-Marie, Lolke, Wilma, Karin en Christiaan tige by tige!

SDS op it OFK

Begjin jannewaris wurdt it Iepen Frysk Kampioenskip sealfuotbal wer ferspile yn Frjentsjer. De froulju fan SDS dogge net mei, mar de manlju wol.
Ofrûne freed wie de lotting. Dit kaam der foar SDS útroljen:
Poule H9:
SDS
Berlikum 2
LSC
GAVC
Leovardia
Irnsum

Traine

De mannen fan de JO19-1 meie jûn oan de bak. Sy wurde jûn traind troch de trainer fan SDS 1, Remco Bervoets.

SDS JO17-2

Der komme hieltyd mear alvetalfoto’s binnen. Sneon posearden de jonges fan JO17-2 en wij krigen in kreaze foto

Programma sneon

Mocht it Nederlands alvetal earste wurde yn de poule dan meie sy yn de 8e finale kommende sneon om 16.00 oere balje. Hjirmei komt it amateurfuotbal al wat yn de knoei. By SDS binne de wedstriden fan 14.30 oere alfêst fersetten nei 13.45 oere en stiet it grutte skerm op tiid oan.
SDS 1 moat út tsjin sc Bolsward om 15.00 oere. Ut ûbetroubere bron hawwe wy fernaam dat dizze wedstriid heechstwierskynlik om 14.00 oere spile wurdt. Wy wachtsje it ôf.

Tweintich jier lyn

Meinte Wesselius komt yn syn papieren argyf noch in moai stik tsjin út it seizoen2001-2002. At it “nei de toer ta fuotbalje” no mear oplevert is net wittenskiplik ûndersocht, mar feit is wol dat de lêste wedstriden de gelykmakkers tsjin SVM en SF Deinum oan de toerskant foelen (ek wol ‘Wommelskant’ neamd..)
Op de foto Loke Hofstra en Ate Vellinga dy’t ús spitigernôch ûntfallen is.

Opliede ta….

Liedt SDS de jeugdspilers op ta skilearaar?
Dat soe samar in fraachje wêze kinne.
Earst wie is Stijn Schildkamp dy’t yn Eastenryk oan de slach gie op de sniehellingen, no giet JO19-1 spiler Tjerk Andringa dy kant ek op. Hij spile sneon syn lêste wedstriid foarearst.

Kantine

Tongersdeitejûn is de kantine wer iepen en steane der twa nijsgjirrige WK-wedstriden op it programma om 20.00 oere op it grutte skerm:
Japan – Spanje
Costa Rica – Duitsland
Auke-Jetze Kroondijk sil soargje dat jim ûnder it fuotbaljen genietsje kinne fan in hapke en in snapke.

Harsens derby (2114)

Toet, tooooooooooooooooooet!