Sneon 25-9-2021
24 september 2021SDS-League: 2 wykpriiswinners dizze wike!
28 september 2021Kamstra Steenhandel
De sponserkommisje is der tige wiis mei dat sy melde kinne dat Kamstra Steenhandel sjurtstiper wurdt fan de JO17-1.
Foto’s Henk Bootsma
Henk Bootsma hat sneon wer prachtige foto’s makke by SDS 1 – Oudehaske 1. Jim kinne se fine op syn Facebookside. Sjoch hjir.
SDS Vr.2 op de foto
Ofrûne freed spile SDS Vr.2 harren earste wedstriden en kamen fansels ek lyk efkes op de foto.
Steand: Marrit Zeinstra, Ilse Yuinenga, Sietske Okkema en Anne Mofild.
Op hurken: Anne-Berber Zeinstra, Nieke Wateler, Elma Breeuwsma, Lusanne Klaver en Jildou Sweering
Anna-Brecht Bruinsma mist.
Lokwinske!
Good Old Klaas Okkema is dit wykein 65 jier wurden. Fan herte lokwinske!
Fêst gjin sprút feroare.
Keunstgersknibbel
SDS 2 mocht sneon fuotbalje op it keunstgers yn Makkum. Dit keunstgers leit der al 12 jier yn en is hast oan ferfanging ta. Wy hawwe it der op dat der mear knibbels binne dy ’t der hjoed sa útsjogge:
SDS-League
De nijste stân fan de SDS-League kinne jim moarn hjir op de webside fine. Troch de wedstriden fan troch de wike wienen der bulten punten te fertsjinjen.