Weppers snein 24-2
22 februari 2008Weppers tiisdei 26-2
25 februari 2008Gearard bliuwt skoaren
Gearard bliuwt syn doelpuntsjes mei pikken. De bruorren de Jong binne de grutste konkurrinten. De komplete list.
Net 19 mar 16
Wij sieten der trije doelpunten neist, wat betreft de skoare fan de froulju sneon.
Bij de útslaggen fan de wedstryden fan sneon stjit dat wy, fruolju mei 0-19 ha ferlern. Dat is gelokkich net sa (ek al skeelt it net folle) wij ha juster namelyk mei 0-16 ferlern. Helaas kinne we dêr ek net erch trots op wêze ….
Tryntsje
Berjocht fan de net degradearde Stoffel
Geweldich dat elkenien sa mei libbet mei in dammer dy striid om it “wrâldkampioenskip” en op de eftergrûn mei docht!
Fedde waard sels twadde yn it tredde achttal wêr Germ Terpstra earste waard mei 100 % skoare.
Foto’s fan dit barren binne hjir te sjen.
Aksje
It keatsseizoen is gelokkich noch lang net begûn. KF Easterein is lykwols wol aktyf.
Noch langer?
Dennis Dijkstra die sneon net mei by SDS 2. Hy is 2 wiken op fakansje nei Tailân of soksawat. Dochs bliuwt hy aardich belutsen by SDS 2, want lyk nei de wedstryd krige trainer Hylke Schrale in SMS’ke fan Dennis:
“Hoe hebben jullie gevoetbald?”
Hylke SMS’te lyk werom:
“Met 5-1 gewonnen, dus doe maar rustig aan”.
Dennis antwurde lyk fanút syn strânstoel:
“Mooi, dan plak ik er nog 4 weken aan vast……..”
Bungelje oan it elastyk
Heit Yde en mem Annie hawwe altyd tsjin Dirk Yde sein: Oh wé datsto oan it elastyk hingjen giest. At wij dat sjogge, is it net sa best!!
No’t hij yn Nij Seelân is, wie de kâns net grut dat se it seagen. Dirk Yde docht wer ferslach.
Scheltema
Yn Klipkar+ wie Scheltema te sjen. Jim kinne op him stimme. Gelokkich hat hij net folle konkurinsje mei in rapper, in Syb en oaren. Sjoch hjir en stim.
Fan herte lokwinske!
Ien fan de wepmasters fierde dit wykein syn parel brulloft. Fan herte lokwinske!
Spesjaal foar him, en syn frou fansels, in tapaslik mopke(klik hjir).
Eigen goal(1)
De eigen goal fan Chris Brass fan Darlington tsjin Bury is ien fan de meast hilaryske. It ferhaal giet dat hy by dizze aksje ek noch syn eigen noas bruts…. Let ek op it geweldige kommintaar.