Weppers moandei 25-11

Vacature hoofdtrainer SDS1
25 november 2013
Weppers tiisdei 26-11
25 november 2013

Lotten
Nije wike freed is de lotting foar it WK fuotbal. Ferline wike is der lotte foar de jûns derfoar. Oftewol by SDS 2 is der lotten foar de Sinterklaasjûn op 5 desimber. Wy kinne hast net wachtsje………

Sinterklaas
Fansels kinne je je Sinterklaasynkeapen ek gewoan by SDS dwaan: sjoch yn
ús webshop.


Sinterklaas(2)
Sinterklaas is fansels ek noch altiten gek op ús prachtige SDS-sokken. It sil sneon wol wer in gekkenboel wurde yn de kantine(klik
hjir).

Moaie ôfkoartingen
Remco Bervoets tipte ús noch efkes in webside mei de aldermoaiste ôfkoartingen fan fuotbalklups. SDS stiet der net by(klik
hjir).

Harsens derby(1156)
Granada ferlear sneon fan Barcelona. Dat makke El Arabi neat út. Hy skoorde in hearlike panna by Gerard Pique.