Weppers freed 22-1-2021
22 januari 2021Ut Dirks âlde doaze.
26 januari 2021Betterskip!
Lourens van der Pol is 3 wiken werom súksesfol opereard oan syn krúsbannen. Hy sit drok yn de revalidaasje. De ferwachting is dat as it sa trochgiet mei de lockdown en it herstel dat hy de earste wedstriid fan SDS 1 der wer by wêze sil. As dat yn jannewaris 2022 is ten minste……..
Nije SDS-winterjassen
Wy sille se dizze winter wol net mear nedich hawwe, mar foar de lieding fan SDS 1 en 2 binne de nije SDS-winterjassen binnenkaam. By Vr.1 hawwe se dizzen al.
Is it net in plaatsje?
Yn de koarte broek
By de Midwintertoernoaien fan SDS binne der fansels ek altiten guon dy ’t gewoan yn de koarte broek balje. Sa wienen dit ferline wike Sybrecht Overal, Lars Steehouwer en Jelte Spoelstra.
Rottelje
Sa’t wij freed al oanjoegen hie it RIVM in belachlik adfys jûn oer it sjen fan fuotbal. Ek Sjoerd Mossou, skriuwer yn it AD fûn dat. Hij sei der dit oer.
Spilerstaal
Dat se goed fuotbalje kinne is it wichtichst foar proffuotballers, want at je it ha moatte fan harren ferhaal nei ôfrin dan kinne je hast wol riede wat se sizze. Steure jim jim ek sa oan dizze dy standert neatsizzende foarynprogrammearde sintsjes?
“Belangrijk zijn voor de ploeg”
“het team helpen”
“Wij zijn professionals”
Alde doaze
No’t der op it stuit net folle balle wurd sjogge wy wol gauris werom yn de tiid. Mochten je noch âlde SDS-foto’s tsjinkomme dan meie se je ús wol stjoere. Stjoer se nei info@vv-sds.nl.
De nije SDS-League
Noch ien wike en dan slút de transfermerke en kinne wy wer gau los mei de nije SDS-League. Fanôf 1 febrewaris kinne jim it nije dielnimmersformulier hjir ferwachtsje.
Harsens derby (2283)
Wa hat hjir no gjin nocht yn? Der wer ris efkes noflik âlderwetsk ynkleune!
Some people are just born to play centre-back 😂
(🎥 INST/Alexanderhernandezsoccer)#SundayLeague pic.twitter.com/PdrrdOOwaS— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) January 18, 2021