Weppers freed 22-1-2021

Twitter
20 januari 2021
Weppers moandei 25-1-2021
25 januari 2021

Tichtplicht

Wij sitte noch midden yn de tichtplicht en it begjint aardich te ferfelen. Gjin trainen (of beheind), gjin wedstriden en gjin gesellichheid.

Ien fan de lêste maatregelen is noch mar ien persoan op besite.  Dat is net leuk, want hoe dogge je dat dan bij it fuotbaljen. It RIVM hat sels dêr oer neitocht en komt mei in oanwizing

Ferhúsje

It liket of bard der net in soad by SDS 1 op it heden. Dat is net hielendal wier. Efter de skermen is trainer Douwe Posthuma bygelyks al drok dwaande mei de seleksje fan folgend jier. Dêrneist hawwe inkelde spilers dizze hiele lange winterstop oangrepen om te ferhúzjen. Sa wennet Matthijs Postma no yn de Suderhaven yn Wommels, Pieter Sijtsma op de Terp en Jaap Toering komt yn it Noard te wenjen.

35 + yn 1995

Foar de 35+ fan SDS wie 1995 in tige suksesfol jier. Sij diene mei oan de finaleronden fan it FVB jubileumtoernooi en mochten dêrfoar op in jûn/nacht nei Harkema om dy fianles te spylhen. Se waarden gjin winner.

Mar op 15 juny 1995 stiene se yn de finale fan de 35+ Fryslân Kup. Op it fjild bij Cambuur mochten sij yn de finale oantrede tsjin Harkema Opeinde. It waard in 5-3 oerwinning tsjin in pittige hurde tsjinstanner, mar gelokkich wie SDS goed taret want Sybren Wassenaar hie as superskout al sjoen wat fan ploech it wie. Hij hie dan ek bonke, gebits en soadsjebeskermers meinommen. Gelf Eringa wie de âldste spiler mei syn 56 jier en Theunis Boonstra skoarde en dat die bij net sa faak as ferdigener.

Dat se yn it seizoen dêrop bij sommige tsjinstanners in programmaboekje makken wie fansels logysk.

1975-1976

Yn it seizoen 1975-1976 einige SDS 1 yn de middenmoat fan de 4de klasse A.Underyn wie in beslissingswedstriid nedich. HJSC – Oudega waard spile yn Snits (foar tûzende minsken) en Okke van der Kamp wie doelman bij Oudega. HJSC wûn yn de ferlinging mei 2-1. Nei ôfrin gie it oer de doelpuntenmakker Fan HJSC. Dy wie yn de ferlinging yn it fjild kaam. Dat koe neffens HJSC, mar Oudega tekene berop oan. De spiler wie skorst en siet syn tredde wedstriid út. Ja, seine se bij HJSC, dat klopt mar 3 wedstriden is 3 kear 90 minuten en hij is der yn de ferlinging ynkaam.

De fuotbalbûn die letter útspraak. HJSC wie fout west en degradearre.  (ynformaasje fan twitterakkount Oudega)

Alde doaze

No’t der op it stuit net folle balle wurd sjogge wy wol gauris werom yn de tiid. Mochten je noch âlde SDS-foto’s tsjinkomme dan meie se je ús wol stjoere. Stjoer se nei info@vv-sds.nl.
Sa krigen wy ek wat foto’s fan Dirk de Jong. Ynkoarten kinne jim se hjir op de webside ferwachtsje.

Harsens derby (2282)

As je mei Luka van der Weg balje dan moatte je de kop der al wat byhâlde……..