It Meinte-Sixma-toernoai!
24 oktober 2011Weppers tiisdei 25-10
24 oktober 2011SDS 1 Teloarsteld (2) Wol tefreden Nije leider F1 Trainers gezocht
Moandei (hjoed) trainen om 19.30 oere
Tiisdei trainen om 20.15 oere
Tongersdei trainen om 20.15 oere
Sneon Broekster-Boys út om 14.30 oere
Marco
Gjin trainen
SDS F1 hat jûn gjin trainen. De trainer sit op Skylge.
Hans
Jild meinimme
Teloarsteld (1)
Wij koene ús der alles bij foarstelle justermiddei nei it smaadlike optreden fan Ajax yn de eigen Arena: De SDS mannen fan Ajax hawwe harren klup gelyk foar dea opjûn en begroeven it gehiel yn de tún bij Jelmer Posthumus. Erik Haitsma woe graach in hantsje helpe en pleatse it herinneringspealtsje.
Sjoerd van Beem is net sa tefreden oer syn prestaasjes yn de leaugue. En dat leit net oan him. Hij skriuwt in iepen brief oan de brief oan alle BVO’s fan de earedivysje:
Bêste minsken,
by myn klup, vv SDS (sjoch op www.vv-sds.nl), ha wy al hiel wat jierren in spultsje wêr yn’t wy rekkenje op prestaasjes fan jimme kant; de SDS-league. Wy stelle dan 11 fuotballers fan 11 ferskeidene klups (utsein Hindrik fan Gelf en Pjirkje) op en gean der dan fan ut dat jimme foar us safolle as mooglik punten byinoar harkje om us it gefoel te jaan dat wy ek ferstân fan it spultsje hawwe. Jim begrype dat dit ûnderling in protte argewaasje jout. Wy, as ‘selsbeneamde fuotbalkenners’, gean der alle wiken wer fan ut dat we mear punten as de oaren ha en dus oan kop fan de ranglist stean, dan wol yn it ferslach fan Willem neamt wurde.
Mar (en no komt it), ik ha net it gefoel dat jimme de earnst fan dizze sitewaasje ynsjogge. Sa moat it ik it op dit stuit dwaan mei 8 yn stee fan 11 spilers. Ik wol gjin nammen neame, mar ik doch it al;
# Kolbeinn Sightorsson mient lêst te hawwen fan stress oan it ankel en lit my mei in driigjende burn-out efter.
# Kees Kwakman seit lêst te hawwen fan de ljisk, hy hat in alternatyfe genezer ut Volendam om help frege en it skynt dat syn blessure te krijen hat mei syn lever; “Hij legt veel verbindingen tussen het fysieke en het mentale”, zegt Kwakman tegenover Voetbal International over de alternatieve genezer. “Wat bleek, bepaalde punten van de lever functioneerden helemaal niet meer. Hij legde de link naar emoties, en dit heeft meestal te maken met woede, agressie en kwaadheid.” Jawis…..
# Rob van Dijk = topkeeper, pakt punten foar FC Utrecht en SVB, mar wurdt oan de kant set ten faveure fan Junior Fernandez, dy’t it ‘baarmoederfocht’ noch efter de earen hat en dus noch in protte leare moat.
Wêr it op del komt, bêste jonges, is dat ik gjin nocht ha om oan de ein fan de earste helte in kratsje bier by Jaap bringe te moatten omdat hy tafallich mei mear gelok as wiisheid krekt boppe my einige is…..Ik doch dan ek in berop op de oare 8 spilers om jim it skompus te draven en my foar dizze ôfgong te behoedzjen!
Forza FC Polk High!!!
Sommigen oaren wiene op foarhân dit wykein wol tefreden oer de behelle punten, sûnder dat se witte wat in oar skoard hat.
Marco Reinhoudt wurd de nije leider fan F1, Bertus Beckers stopt er mei.
Marco bedankt datst do dit oppakke wolst en Bertus tige bedankt foar de jieren datst do coach west bist!
Hans van der Schaar
Samen met de jeugdcommissie is de technische commissie op zoek naar enthousiaste trainers die op vrijdagmiddag onze jongste spelers de basis beginselen van het voetballen willen bijbrengen. Meld je aan bij Tsjipke Okkema
Kontroles
De kommende wiken sil der troch de plysjes yn de Súdwesthoeke wer ektra drankkontrôles holden wurde bij fuotbalkantines. De oandacht bij SDS giet dan út nei de tongersdeitejûn en de sneon.
Harsens derby (593)
Foppe de Haan hie it oer in “snikkelgoal” en oaren oer in “lullige goal”. Wy soenen sizze dat de bal fan Kums der moai “binnenkant peal” yngie en dat dit fanôf hjoed in “Kumsjot” neamd wurde kin……………