Weppers moandei 23-2

Weppers snein 22-2
20 februari 2009
Weppers tiisdei 24-2
23 februari 2009

Poiesz Sponsoraksje
SDS hat ôfrûne sneon harren tsjinprestaasje dien by Poiesz yn Skearnegoutum. E4 wie op 10 oere presint en ha wakker oan it baljen west. In aardichheid om nei te sjen hoe’t de mantsjes dwaande wiene. Yn de winkel wiene se ek aktyf, se holpen de minsken mei it ynpakken fan de boadskippen en dêr tsjinoer wiene de sponsormunten dan foar SDS. Al mei al in slagge moarn foar SDS en in hiele protte munten  Jongens fan E4 tige bedankt foar jimme ynset , grandioos!!!
De jeugdkommisje.

Net allinnich pionnen, mar ek winkelkarkes moasten ûntweken wurde.


Ferslach SDS 1
Wy krigen fan Siem Sikma wer in kreas ferslach binnen fan de wedstryd tusken Heerenveense Boys 1 en SDS 1. Siem ferwurdet alles helder, mar snapt noch altiten net wêrom SDS dêr no in penalty krige yn de lêste minút(klik
hjir
).

Namme
Jacob Klaas Haitsma skoarde sneon tsjin H’veense Boys. Dat docht hij net sa faak. Mar wij hawwe ûndersocht dat je mei syn namme best namme meitsje kinne. Typ
hjir de namme fan Jacob Klaas Haitsma marris yn.

Nei FVC
Dirk de Jong is spiler fan SDS 2 en fersoarger op snein by Irnsum 1. Folgend seizoen sil hy by sneins-1e-Klasser FVC oan de slach. Yn Ljouwert sjogge sy it hielendal sitten yn de nije fersoarger; “as je su faak blesseard binne, dan hewwe je der fast oek veel doel over………”

Skylge
Bij de famylje Plantinga fan Skrok rolle dizze wike wer in útnoeging yn de bus foar de feteranentoernooi fan Skylge. Op 29 augustus sil it wer wêze. Soene de feteranen dizze kear harren froulju op tiid witte litte wolle dat de hearen dit útsje net misse kinne om yn oanmerking te kommen foar in basisplak yn it seizoen 2009-1010. 
Oh ja: At Ype net mei syn freonen fan Minnertsgea mei mei, dan moat er dochs mar wer mei ús mei.

Mis!?
Ôfrûne sneon foel by SDS 2 nei in heal oere spyljen Dirk de Jong út mei in blessure. Ien fan de wepmasters siet op de bank en mocht lyk it fjild yn. Noch gjin 2 minuten letter wie it Jelmer Posthumus dy ’t dizze wepmaster mei in knappe beweging allinnich foar in leech goal sette. Net te missen soenen je sizze, mar it waard in echte “Van Vossen”(sjoch
hjir). Dizze wepmaster wie dan ek de ienige SDS’er dy ’t net protestearde doe ’t de skiedsrjochter foar bûtenspul fluite………..(ûndanks dat it gjin bûtenspul wie).

Boem Schaufeli
Yn de rest fan Nederlân fiere sy karnaval. Wy hawwwe dêr net safolle mei al fûnen wy dit wol in aardich nûmer: