Weppers moandei 21-9-2026

Grote Clubactie
20 september 2026
Meinte Sixmatoernoai. Jou dy no op!
22 september 2026
Grote Clubactie
20 september 2026
Meinte Sixmatoernoai. Jou dy no op!
22 september 2026

Spandoek

De mannen fan Ljouwerter Sweltsjes 1 kamen sneon mei triljende skonken it fjild op by SDS doe’t sy dit prachtige spandoek seagen.
It spandoek is makke troch Idsert Stenekes.

Slachfjild?

As je Voetbal.nl leauwe moatte dan wie it sneon in slachfjild by SDS 1 – Leeuwarder Zwaluwen 1.
Mar dit ûnderste kloppet net hielendal………

O8-2

SDS O8-2 ferlear sneon mei 17-1 fan Blauw-Wit O8-6 mar de mannen hienen der net minder wille om en gienen bliid op de teamfoto op de tribune fan Blauw-Wit.


Fan links nei rjochts:
Robin Terpstra, Abe Drost, Mink Hoekstra, Tjitte Brandsma, Tijmen van Leeningen, Meile Bak, Stijn van de Belt en Hylke Greidanus.

Pupil fan de wike

Ytsen Atsma wie sneon pupil fan de wike en koe jûns op it buertfeest fan de Stapertstrjitte noch moai efkes mei syn favoryt Pieter Sijtsma op de foto.

Poedelpriis

Tim Sweering eindige mei de SDS WK-League as lêste en dat betsjut fansels de poedelpriis; in plaat fan de Greideklanken.
Tom moat noch efkes útsykje hoe’t hy in plaat ôfspylje moat, mar wy tinke dat de hoes sawisa in plakje boppe it bêd krijt.
Mocht it draaien fan de plaat slagje dan sil it wol Tim Swinging wurde yn stee fan Sweering…….

Tim Swinging…….

SDS-League

Wy hoopje woansdei mei de nijste stân fan de SDS-League te kommen.

Stypje SDS mei RaboClubsupport

Asto lid bist fan de Rabobank kinsto SDS helpe troch te stimmen op SDS.
Stimme kin fia dyn eigen Rabo-app op de tillefoan fia ‘Instellingen’, ‘Lidmaatschap’, en ‘Rabo ClubSupport’.
Sykje ferfolgens op “sds” en selektear dizze.
Elts lid fan de Rabobank krijt 3 stimmen.
Neist SDS kinst dan noch stimme op bygelyks de Skoalleseize, KF Easterein, KF Wommels, Tennisferiening Easterein of Wommels, Stichting de Tsjerne, Freulepartij Wommels, Zwembad De Klomp of Doarpsfeesten Wommels.
SDS wol it jild wat hjirmei fertsjinne wurdt graach brûke foar de kosten fan de slotdei fan de jeugd.

Harsens derby (2415)

Dútske humor.