Weppers moandei 21-11-2022

Sneon 19-11-2022
18 november 2022
SDS WK-League stân tiisdei 23.00 oere
22 november 2022

De SDS WK-League

Wy binne los mei de SDS WK-League. Mar leafst 54 dielnimmers hawwe harren ynskreaun. It komité is noch drok dwaande om alle foarsizzingen út de mailboks, whatsapp en de postbus te ferwurkjen. As alles wat mei sit dan komme wy tiisdei mei de earste stân.

Skorst

Keeper fan SDS 1, Jaap Toering, krige sneon by CVVO in reade kaart. Dit levert him 1 wedstriid skorsing op.

SDS 4 yn byld

+

 

Jeffreykandel

Jeffrey van der Werf keepte sneon in knappe pot by SDS 4 en hie nei de wedstriid wol nocht yn in hapke en traktearde himsels en de rest fan syn team op mar leafst 30 frikandellen. 15 mei mayo en 15 mei curry. Sis mar Jeffreykandel of Jeffrey Kandel van der Werf.

Mei mayo of curry, alles klemfêst!

Moandei- en woansdeitejûn sealfuotbaljûn

De sealfuotballers fan SDS 2 meie jûn om 20.00 oere balje út tsjin NTW út Akkrum. De sealfuotballers fan SDS 1 meie woansdeitejûn wer balje. Sy spylje dan om 22.00 oere út tsjin Futsal Heerenveen 5.

SDS JO11-1

De SDS JO11-1 is koartlyn op de foto kaam. Is it net in plaatsje?

Efter flnr: Frans Pyter Terpstra, Auke Andries Veenstra, Tymen Stenekes, Melle Terpstra, Brent Overal, Jens Steehouwer, Ronny Wagenaar
Foar flnr: Tymen Bults, Jinse Durk de Jong, Martijn Smit, Tymen Dijkstra, Finn Wagenaar

DJ Heavy P.

It liket sneon in alderaardichste dei te wurden mei middeis earst SDS 1 – sf Deinum 1 en nei de tiid DJ Heavy P.

Jimbar

Foar wa ’t fannemiddei mei in gruttere ploech it Nederlâns alvetal tsjin Senegal sjen wol kin terjochte yn de Jimbar yn Wommels. Dizze is iepen fanôf 16.00 oere.

Kantine

Tongersdeitejûn is de kantine fansels ek wer iepen. Stefan van Krimpen sil dan elkenien fan hapkes en snapkes foarsjen. Op it grutte skerm kinne wy mai efkes Brazilië – Servië sjen.

Ik tink 2-2

Moai stik

Op de webside fan De Correspondent stiet in prachtich stik oer wêrom wy nei it WK fuotbal sjogge wylst wy witte dat net alles yn de heak is. Jim kinne it hjir lêze.

Harsens derby (2111)

Alderaardichst altiten sa ’n potsje fuotbaltennis.