Weppers moandei 20-11

Ta oantinken fan Ate Vellinga
19 november 2017
Weppers tiisdei 21-11
21 november 2017

Gjin trainen efter de sporthal

Y.f.m. it wiete fjild kin der hjoed net traind wurde efter de sporthal.

Sinteklaasynkeapen by SDS


De Sint kin sneon wer telâne yn de kantine fan SDS. Douwe Dirk Reitsma hat de SDS-kleanwinkel wer iepen.  Tusken 10.00 en 11.30 oere.

Lotting OFK froulju

Begjin jannewaris wurdt wer it jierlijkse Iepen Frysk kampioenskip sealfuotbal holden yn Frjentsjer. De froulju fan SDS Vr.1 dogge dit jier ek wer mei. Sy sitte yn poule D7 mei FFS, Broekster Boys, Leeuwarder Zwaluwen, Nieuw Roden, en Heerenveense Boys 1. Sy spylje harren foarrondes op tongersdei 11 jannewaris.

Lotting OFK manlju

SDS (âld) seal hat dreech lotten foar it OFK. Sy sitte yn poule H1 mei Drs. Vijfje 2, Mulier, Drachtster Boys, Heeg, en Emmeloord. Sy spylje op moandei 8 jannewaris.
Foar SDS fjild is it net oars. Sy sitte yn in poule mei De Herauten, Puinhoop United, Leovardia fjild, Wardy fjild en Broekster Boys 2. Sy spylje harren foarrondes op tiisdei 9 jannewaris.
De finales binne op sneon 13 jannewaris.

Seizoen 2018-2019

De KNVB hat bekend makke dat it seizoen 2018-2019 begjint op sneon 1 septimber mei de earste bekerronde. De twadde en tredde bekerronde binne op 8 en 15 septimber en de kompetysje barst los op sneon 22 septimber.

SDS JO15-2 – Suameer JO15-1G

Henk Bootsma stie sneon by SDS JO15-2 – Suameer JO15-1G plaatsjes te sjitten yn it minne waar en seach de JO15-2 krekt te koart kommen. Sy ferlearen mei 0-1. Op de Facebookside fan Henk kinne jim alle foto’s fine.

Ferhúzet


Sa’t jim yn de krante lêze koene ferhúzet it bedriuw HDM Pipelines fan ien fan de sponsoren fan SDS fan Wommels nei Ljouwert.  It giet om de bedriuwen fan SDS-er Rudy Dijkstra. Sjoch hjir wat dat bedriuw docht.

Harsens derby (1948)

Ho……………