Stypje SDS mei help fan Rabo-ClubSupport! Stimme kin oant 26 septimber.
18 september 2023SDS-League: De earste wykpriis wurdt dield.
19 september 2023SDS 1
SDS 1 spilet kommende sneon syn earste kompetysjewedstriid fan it seizoen út tsjin Heeg 1. De wike der nei spilet SDS 1 thús tsjin Waterpoort Boys 1.
Opfallend is dat SDS 1 foar de winterstop, mar ien bekende fan ferline jier treft en dat is Waterpoort Boys.
Foar de rest spylje sy foar de winterstop thús tsjin QVC, Balk, Workum, IJVC en sv Oosterwolde.
Promoasje/degradaasjeregeling 2023-2024
Y.f.m. de fuotbalpyramide wurket de KNVB ek kommend seizoen mei in fersterkte promoasje-degradaasjeregeling. Ferline jier betsjutte dat foar SDS dat der yn de kompetysje mei 14 teams 2 teams streekrjocht degradearden en 4 der om balje mochten yn de neikompetysje. Dit seizoen komme der 12 teams út yn de 3e-Klasse A mei SDS. Dat bestjut dat der 2 streekrjocht degradere en 2 der om balje meie yn de neikompetysje.
De kampioen fan de 2e Klasse A promofearet streekrjocht en der binne 3 perioadekampioenskippen te beheljen. Dizze 3 winners spylje yn de neikompetysje tsjin de nûmers 10, 11 en 12 fan de 2e Klasse J en K om 2 plakken yn de 2e-Klasse.
Hjir kinne jim der alles oer lêze.
De nije SDS-League
As alles wat meisit dan komt moarntejûn hjir de nijste stân te stean.
Tongersdei is de kantine iepen
Tongersdei om in oer as 20.15 oere is de kantine wer iepen. Dat komt moai út, want dan is der ek Europa-League-fuotbaljen. Wy kinne dan moai Ajax – Olympique Marseille op it grutte skerm sjen. De dei dat Ajax wer ris winnen giet komt ommers hieltiten tichterby…..
Enne Bruinsma sil elkenien foarsjen fan in hapke en in snapke.
SDS look-a-likes
Foar de folgende Treffer binne wy alfêst op syk nei SDS look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Jim hawwe fant simmer fêst ynspiraasje opdien. Wy binne hiel benijd. Mail jim SDS-Look-a-like nei willem@vv-sds.nl!
Harsens derby (2185)
Toet, toet, toet, toet, toet, toet……
Stop that Barcelona. pic.twitter.com/LneD8zXYkx
— Stop That Football (@stopthatfooty) September 17, 2023