Weppers moandei 18-2

Weppers snein 17-2
16 februari 2008
Weppers tiisdei 19-2
18 februari 2008

SDS 3 yn Seisbierrum
SDS 3 ferlear sneon. Hoe’t se dat foar elkoar krigen op 9 gersspriten kinne jim
hjir lêze.

Altyd yn training

Sneon wie der net folle beweging op de Skoalleseize. Mar snein wol. Us fotograaf Minne Bonnema seach Geert foarbij flitsen.

Nije Treffer
De nije Treffer stiet der wer oan te kommen. Hawwe jim noch wat, mail it dan nei DeTreffer@vv-sds.nl!

SDS League
Foar de nije SDS League hawwe wy 97 dielnimmers. Dit binne 2 mear as foarich jier om dizze tiid. Wy hoopje woansdei mei de earste stân te kommen.

De oare kant fan Verbeek
Sneintemiddei wie der in nijsgjirrich fraachpetear mei Gert Jan Verbeek foar
Omrop Fryslân. Hij hat it oer syn tiid yn it leger, syn freonen, oer relaasjes en oer Smeekes. Tige nijsgjirrich.

Lêste trainingswike
De jongste jeugd traint dizze wike foar it lêst yn de seal

Ma   18-feb 16 oere    
Ma E4 18-feb 17 oere BAUKE DIJKSTRA 331600
Do F2 21-feb 17 oere ANDRE VINK 333134
Do F3 21-feb 17 oere ANDRE VINK 333134
Vrij F1 22-feb 17 oere GERT JAN VEENENDAAL 332672
Vrij E1 22-feb 17 oere CHRISTIAN PLANTINGA 332448

Yndieling jeugd
De foarjiersyndieling fan de E en F pupillen is bekind. Hjoed in oersjoch fan de E-pupillen en  moarn fan de F-puillen

1 Heerenv. Boys E2 9:00
2 CVVO E5 12:00
3 Renado E1 10:00
4 SDS E1 9:00
5 CVVO E2 12:00
6 Gorredijk E2 11:15

1 SDS E2 9:00
2 Zeerobben E3 10:00
3 Blauw Wit ’34 E4 10:00
4 Dronrijp E3 9:00
5 Dronrijp E2 9:00
6 Minnertsga E2 10:00

1 Frisia E6 9:00
2 Arum E1 10:30
3 Makkum E1 10:00
4 SDS E3 9:00
5 LSC 1890 E4 9:00
6 Leeuwarden E3 9:00

1 SDS E4 9:00
2 Leeuwarden E5 9:00
3 Oosterlittens E5 9:00
4 AVC E3 9:00
5 Tzummarum E2 10:00
6 Blauw Wit ’34 E9 11:00

Libbensfragen
As je sa as ôfrûne sneon yn de nachttsjinst sitte, om 8 oere moarns op bêd gean en om 11 oere fol mei adrenaline it bêd útstappe om te fuotbaljen, je snel oanklaaie, tas ynpakke, wat ite en it fuotbaljen is ôflast dan steane je mei in nuver gefoel yn de keamer. Je beslúte mar wer op bêd te gean, mar je kinne mar net wer yn sliep komme. De nuverste libbensfragen komme yn je op; “as in bline nei de wc giet om te skiten, hoe wit hy dan as hy klear is mei ôf faaien?” Ik haw net in antwurd betinke kinnen mar wol in oere wekker lein…………(klik
hjir).

Skiedsrjochter(1)
Alle skiedsrjochters meitsje lykas spilers en trainers wolris in foutsje. In foutsje fan de skiedsrjochter hat soms grutte gefolgen. Hjir sjocht hy earst in goal oer de holle en sjocht dêrnei net dat de spiler de bal mei de hannen weromjout oan de keeper. Legendarysk!