Sneon 15-12-2018
14 december 2018Weppers woansdei 19-12-2018
19 december 2018Sealtrainen
Inkelde teams sille yn de seal traine dizze wike. Sa traint Vr.1 woansdeitejûn fan 21.00-22.00 en de JO17-1 freed fan 19.00-20.00 oere yn de sporthal yn Easterein.
Yn ‘e lijte
Alle takôgers bij SDS 1 – Berlikum 1 op ien foto. Allegear yn ‘e lijte fan de kantine, beskerme tsjin dy hurde kâlde eastenwyn. Oke, hast allegear. Hjir en dêr stie noch ien te klomjen op de wyn.
Beker
Dizze wike is neffens ús de tuskenronde foar de beker. It soe samar sa wêze kinne dat er tiisdeitejûn lotte wurdt. SDS 1 sit noch yn de pot. Sjoch hjir.
Veronica-Inside
Jûn guon SDS’ers by Veronica-Inside. Wy binne benijd!
Klaverjasse op de nijjierssit op sneon 5 jannewaris
Op de nijjierssit op sneon 5 jannewaris wurdt der net allinnich in kuierke dien en fuotballe, mar kin der ek klaverjast wurde. As de tiid it ta lit wurde der 3 bomen fan 12 potsjes klaverjast. Der wurdt klaverjast neffens de Amsterdamse fariant. Meidwaan is wichtiger as winne. Dochs binne der bulten prizen te winnen. Sa binne der 3 prizen foar de earste 3 yn it klassemint en binne der prizen foar b.f. de earste ‘stille’ ensfh. Wy regelje de hapkes! Jim soargje sels foar in noflike kaartmiddei!
Wouter Tjerkstra, Meinte Wesselius, Pyt Postma en Popko Wijnia dogge sawisa al mei!
Jim kinne jim hjir opjaan, fia info@vv-sds.nl of meld it by Meinte Wesselius of Popko Wijnia.
De Kryst-Treffer
Wy binne drok dwaande om de Kryst-Treffer foar elkoar te meitsjen. Moarn giet der nei ús haadstiper en drukker Van der Eems.
De nije SDS-League
Woansdeitejûn om 18.58 oere komme wy wer mei de nijste stân fan de SDS-League. Soe ‘Hakuna Matata’** noch boppe-oan stean?
Harsens derby (2085)
Toet, toet!!
This fella has just been humiliated 😂😂 #SundayLeague pic.twitter.com/RJMR23koAg
— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 17 december 2018