Weppers moandei 15-8

Weppers sneon 13-8
12 augustus 2011
Weppers tiisdei 16-8
15 augustus 2011

SDS 1
(Moandeite) jûn om 20.15 trainen
Tiisdeitejûn om 19.30 oere oefenje út tsjin Zeerobben, we gean om 18.15 oere fuort út Easterein.
De hiele a- seleksje is wolkom.

B1
B1 soe ferline wike freed los mei trainen. Mar troch de fakânsje en oare saken stiene der omtrint mear treners as spilers op it fjild. Jûn om 19.00 oere is der in nije poging om it goed begjin te meitsjen.

Korbach ferstoarn

De ôfrûne winter wie hij hij noch in kear gasttrener bij F 1 fan SDS, omdat syn pakesizzer dêr yn fuotballet. Twa jier dêr foar wie hij gastsprekker op de sponserjûn fan SDS: Fritz Korbach.  No is hij der net mear. Fritz Korbach is op 66 jierrige leeftyd ferstoarn.

Hendrik
Hendrik Engbrenghof (statutêr direkteur WK, SDS 3 spiler en ien kear yn de tsien jier feestkeatser) stie juster op de list fan de 1ste klasse keatspartij yn Easterein. En hij trotsearde meardere tsjinstanners en helle úteinlik de finale. En dat wylst hij hast neat bij him hie: Chris Wassenaar en Rutmer van der Meer.

Jos fuort
Mochten jim Stoffel syn jas “rinnen” sjen en jim roppe Stoffel en hij reageart net, dan soe dat wolris in jassedief wêze kinne. Woansdei út it Dielshûs meinommen. Hiel ferfelend is dat yn ien fan de bûsen de brillekoker mei bril sit. En it soe tafal wêze dat de jas en de bril de dief ek sa goed past of sa goed stiet.
Stoffel hat der gjin beswier tsjin dat er de jas mei de bril werom krijt.

Harsens derbij (542)
Ruiz makke sneon foar Twente in prachtich doelpunt (wipperke oer de doelman hinne). Mooglik hie hij dat middeis noch efkes ôfsjoen fan Raul fan Schalke. “Ein Traumtor”, ropt de Dútske Sjek fan Gelder.