Weppers snein 13-4
13 april 2014Weppers tiisdei 15-4
14 april 2014Ha fluiters en aspirant fluiters!!
Kommende woansdei is it skoallefuotbaltoernoai by SDS. De jongereinkommisje siket nog in oantal fluiters om alles yn goeie banen te leiden.
Meld dy oan bij Hans van der Schaar schaarha@gmail.com
It toernoai begjint om 13:45 oere.
Hans
Derby!
Dizze hiele wike stiet fansels yn it teken fan dé derby fan kommende sneon: SDS 1 – Aaipopcity 1. Oftewol SDS 1 tsjin it Atletico Madrid fan de 3e-Klasse; Nijland 1. It begjint sneon om 14.30.
Nijland-look-a-like
By SDS hawwe wy wat Look-a-likes, mar by Nijland ek fansels. De trainer fan Nijland 1, Douwe Posthuma, hat wol wat fan Diego Simeone:
Mwoaah
Tseard de Vries trof it sneon net. Yn de wedstryd fan SDS 2 tsjin Zeerobben 2 gie hy yn de earste minút al flink yn de “sandwich”. Neat brutsen, mar syn organen en stimbannen sieten al in stik tichter op mekoar dan normaal. Tseard koe, wat der ek barde of frege waard, neat oars mear útbringe as “mwoaah”.
Keunstgêrsknibbel
Alderaardichst dat keunstgêrsfjild fan Zeerobben, mar it is dúdlik oan fernijing ta. Lykas de knibbel…………
Ferskil moat der bliuwe………..
Yn Easterein hoopje wy op in grut wûnder oftewol yn de takomst ien keunstgersfjild. By Zeerobben dogge sy it dêr net foar. Sy krije folgend jier twa nije keunstgêrsfjilden… En sy hawwe ek al in pupillenkeunstgêrsfjild.
Ferlern?
Jaap Zijlstra hat 2 wiken werom in sjurt fan SC Heerenveen fûn op de dyk tusken Wommels en Easterein. It sjurtsje hat maat XXS. Wa ’t it sjurt mist mei maile nei info@vv-sds.nl.
Harsens derby(1250)
In alderaardichst iddetsje, mar miskien moatte sy der noch efkes wat faker op traine: