Weppers snein 13-2
12 februari 2011Weppers tiisdei 15-2
14 februari 2011 4 Skelte 5 Feiko 6 Grietzen 7 Feite 8 Jacob-Klaas 9 Wytze 10 Arjan 11 Tsjipke-Klaas 14 Redmer Traine SDS 2
12 Erik
13 Harm
De volgende a –selektiespelers trainen vanavond mee met het tweede.
Jort strikwerda
Andries brinksma
Henk postma
Arjen los
Elger turksma
Skelte anema
Trainingstijd 20.00
Aanwezig 19.45
johan
Oefenje
SDS 5 sil sneon oefenje. Hielpen 2 is de tsjinstanner. Om 14.30 oere yn Easterein.
Kompetysje
Kommende sneon ien kompetysjewedstriid. SDS 1 moat nei Feanwâlden om te baljen tsjin Veenwouden. It begjint 14.30 oere.
Die Ente
Meinte Wesselius smiet der sneon tidens de wedstriid mar wer ris in húskeamerfraach yn de rûnte. “Hij fuotballe yn Dútslân, hij waggele en hij spile mar ien kear foar Oranje”
De geheugensellen kreaken oan alle kanten foar de meast 50tigers dy’t bij Meinte stiene kamen net fierder as “in Willy”
Dat in bierke soms ek in goed effekt hat op it geheugen die bliken yn de kantine. De namme fan de spiler kaam der. It ferhaal fan de spiler kinne jim hjir lêze.
Lang of koart
It wie sneon net echt lekker waar om bij it fuotbal te stean. De kantine joech aardich beskutting. Mar foar Philippus Hingst gie it net allegear fluch genôch. “Ik fyn dat de twadde helte langer duorret as de earste” sei hij nei sa’n 20 minuten yn de twadde helte.
“De twadde helte is ek lekker begong” wist Durk Okkema te melden as ferklearring.
Sealfuotbal
Op sneon 19 febrewaris is der jûns sealfuotbaljen foar alle SDS-senioaren en A-junioaren. Jim kinne jim hjir opjaan. Graach foar freed 19.00.
Fersliept
Ferline wike sneon kaam Johan Delfsma 5 minuten te let it stadion ynrinnen by SC Heerenveen – NEC. Ûndanks dat wie hy tige bliid. Foar itselde wie hy namelijk noch letter west. Middeis nei it wurk en dêrnei in pear gleskes bier yn Ljouwert gie hy mei de trein nei ’t Fean. Fansels foel hy yn ‘e leite en waard pas by Wolvegea wekker. Al flokkend draafde hy de trein út op syk nei de trein werom nei ’t Fean. Dizze gie pas in oere letter en dat soe Johan de wedstryd koste. Dêrom mar in persoan yn in auto oansprutsen om te freegjen nei in tillefoannûmer fan in taksi fanút Wolvegea. Hy belle 2 taksibedriuwen, mar dy hienen it te drok. De man yn de auto(in Amsterdammer) krige begrutsjen mei Johan en bead him oan om him nei it stadion te riden. Johan stapte lyk yn en graafde yn de beurs om dizze ûnbetelbere geste te beleanen. Hy soe fêst te min hawwe. En wat wie de skea? De man woe der neat foar hawwe!
Fan herte lokwinske!
Freek Tichelman wurdt hjoed 21 jier. Fan herte lokwinske!
Harsens derby (401)
Dêr sakket je broek dochs fan ôf: