Weppers moandei 14-11-2022

Fotoferslach SDS 5 – Makkum 4
14 november 2022
SDS-League: ‘Bergosso’ pakt de titel!
15 november 2022

Klear foar it WK

6 dagen foar it WK begjint is Dennis Dijkstra der al hielendal klear foar.

Oranje boven!

Fysio

Der binne wol gauris wat blessures by SDS 1 en dêrtroch hat Wytske it der by Topfysio mar drok mei. Ek Hendrik de Jong giet nei de fysio. Om de boel dêr te fervjen….

Debút

Kees Sandstra fuotballet by SDS 2 yn de seal en fuotballe sneon foar it earst ris mei SDS 4 mei op it fjild. Dit foldie bêst. Hy skoorde lyk 2 kear.

Pechfûgel

Dit wykein makke Frank Rijpma nei jierren net mear op sneon fuotballe te hawwen syn rentree by SDS. Hy hat him freed wer oanmelden en fuotballe sneon mei by SDS 5. It sjippeglêde fjild soarge der foar dat hy útglide en syn ljisk ferruts. Mooglik leit hy der 6 wiken út. Wy winskje Frank betterskip.

Pechfûgels

By SDS 2 wienen der 2 pechfûgels. Eeltsje Bootsma en Gerwin Sijbesma knalden mei harren hollen byinoar op. Dit levere Eeltsje 4 hechtingen op en Gerwin 8. Beide betterskip tawinske.

Australiër

Gerwin Sijbesma is krekt in wike werom út Australië en rûn dus yn syn earste wedstriid lyk in blessure oan de holle op. It makke al dat hy no as 2 drippen wetter op in ‘Australian Footballer’ liket:

Tafal

Peter Sijbesma fan SDS 5 is freed 50 jier wurden en wûn sneon mei it Draaiend Rad in lel drûge woarsten. Mei nûmer 49.

Einstân SDS-League

Moarn kinne jim hjir de einstân fan de SDS-League ferwachtsje.

SDS WK-League

De earste formulieren foar de SDS WK-League rûgelje stadich oan binnen. Tongersdei en sneon lizze der ek wer ynfulformulieren yn de kantine. Je kinne it formulier fansels ek gewoan op de kompjoeter ynfulle. Sjoch hjir.

Harsens derby (2110)

Ho!

 

 

Letter miskien wol mear!