SDS-League: ‘Bergosso’ pakt de titel!

Weppers moandei 14-11-2022
14 november 2022
SDS Vr.1 freed los yn Easterein
16 november 2022

Jan-Friso Bruinsma pakt mei ‘Bergosso’ de titel yn de SDS-League. Nei ferline wike hie hy eins noch mar ien konkurrint en dat wie ‘Happy Feet’ fan Emke en Habtamu de Hoop. Tongersdei wie dizze striid eins al beslikke doe ’t ‘Bergosso’ al in bult punten mear pakte. ‘Bergosso’ pakt sa terjochte syn earste kampioenskip yn de SDS-League.

‘De Regenjas’ fan Thor Ruiter en Kristian Gaastra pakt knap de twadde priis en de tredde priis is foar ‘Hey Ho Let’s Go’ fan Willem Wijnia.

De wykpriis is dizze wike foar ‘FC Systeemplafond’ fan Jacob-Klaas Haitsma. Hy pakt hjirmei sels noch krekt in plakje yn de top 10. Wy hoopje dat dit de pine wat fersachtet fan it ferlies fan sc Cambuur ôfrûne snein.

Sjoerd van Beem syn wike kin net mear stikken. Mei sc Heerenveen fan sc Cambuur wûn en ek noch mei ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion’ fiar boppe Jaaps ‘Torpedo Toering’ eindige.

Jasper de Boer woe mei ‘Het Dispuut’ absolút gjin SDS-paraplu winne en set noch in einspurt yn wêrmei hy mar 4 puntsjes tekoart komt foar de wykpriis. Kevin de Haan pakt sa mei ‘Grauwe Strijders’ de poedelpriis en hat de SDS-paraplu dik fertsjinne.

Yn febrewaris sille wy wer los mei de nije SDS-League. No earst de SDS WK-League. Hawwe jim de SDS WK-League al ynfuld? Sjoch hjir.

SDS League 2022-2023 stand earste helte wike 9 eindstand