Weppers moandei 13-1-2020

Sneon 11-2-2020
11 januari 2020
Weppers woansdei 15-1-2020
15 januari 2020

Nije skriuwster!

It soe samar sa wêze kinne dat wy dizze wike bekend meitsje kinne dat wy in nije skriuwster fûn hawwe as opfolgster fan Anneke Gaastra.

SDS 1 oefent tiisdei

Op it eigen keunstgers is der tiisdeitejûn in oefenwedstriid fan SDS 1 tsjin Nijland 1.  De wedstriid begjint om 20.15 oere.
Wat de seleksje oanbelanget:
19.15 aanwezig
19.30 omkleden
19.45 warming-up
20.15 aanvang wedstrijd
Kleedkamer 2: Jaap, Luuk, Erik, Jacob-Klaas, Remco, Wierd, Peter, Pieter, Stan, Matthijs en Lourens.
Kleedkamer 3: Jelte-Pieter, Marco, Gerwin, Anco, Wiebe, Bauke, Frank, Steven, Hendrik en Habtamu.

Kantine

De kantine is tiisdeitejûn iepen fanôf 19.15 oere foar in bakje kofje of wat oars.

SDS 1 oefent sneon

SDS 1 soe kommende sneon oefenje tsjin Wykels Hallum, mar dy meie sneon ynhelje tsjin sc Berlikum yn de 3e-Klasse B. No komt der in oare 3e-Klasse B’er nei Easterein te oefenjen; Anjum.

SDS 2 oefent sneon

SDS 2 oefent kommende sneon op ‘e nij. Sy sille dan om 12.00 oere thús oefenje tsjin sc Franeker 2.

SDS-League 1995-1996

De alderearste SDS-League waard troch Sjoerd Postma en Meinte Wesselius organiseard om jild yn te sammeljen foar it 50-jierrich-jubileum fan SDS yn 1997. Dy alderearste kear dienen der 111 lju mei en wûn Gerrit Terpstra. De haadpriis wie 250 gûne. Meidwaan koste 25 gûne en in wykpriis brocht dan ek 25 gûne op. Sjoch hjir foar de einstân fan doe.

SDS-League 1996-1997

Yn it seizoen 1996-1997 wûn Andries Stuiver de twadde helte fan de SDS-League. Der dienen doe mar leafst 130 lju mei. Fannewike hawwe wy it bewiis fûn. Sjoch hjir.

Alde SDS-Leagues socht

Wy hawwe hast alle einstannen fan de SDS-League boppe wetter, mar misse noch in pear. Hawwe jim miskien de einstannen fan 1997-1998 en de earste helte fan 1998-1999 ergens lizzen?

Poiesz-aksje

SDS docht dit jier wer mei oan de Poiesz-aksje. Wannear jim wer munten sparje kinne heare jim it fan ús!

F-kes fan 1994


Wêr bliuwt de tiid.  25 jier lyn.
Wij krije fan Eeltje Postma in kampioensfoto fan F1. Sij kamen yn de kampioensgalerij yn de Boalserter Krante. Eeltsje wie doe 5……

Lokwinskuhhhhhhhhhhhuhuhuhuhuhuhhhh!

Eeltje Postma is hjoed tafallich ek jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (2199)

Aaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaahhh!